heit&mem

Hokker taal praat jim pjut?

Hokker taal praat jim pjut?

Ciska Noordmans 28 juni 2016

tomke3
Tomke is in echt Frysk mantsje.

Mar guon fan-hûs-út Frysktalige pjutten en beukers ûntwikkelje in foarkar foar it Nederlânsk. Soms prate se noch amper Frysk.
Dat kin tydlik wêze mar soms ek bliuwend.

 

Dizze tendins komt benammen foar yn de gruttere wenplakken (Ljouwert, It Hearrenfean), mar soms ek wol yn hiele Fryske doarpen. Faak sjogge je dat, as de pjut sels hieltyd mear Nederlânsk praat, de minsken yn ‘e omjouwing him/har ek yn it Nederlânsk oansprekke.
Sa wurdt it oanbod Frysk hieltyd lytser.
 
Wolst graach dat jim bern ék Frysk praten leart?
In pear tips:

► Bliuw sels Frysk praten, ek as de pjut yn it Nederlânsk andert.

► Freegje oaren itselde te dwaan (skoalle, pake en beppe, de buorlju).

► Lês in soad foar yn it Frysk.

► Kies in pjutteboartersplak, bernedeiferbliuw en basisskoalle mei in bewust Frysk- of twatalich belied, sjoch hjir foar lokaasjes by jo yn ‘e buert.

► As it bern wat âlder is (in jier as fjouwer), kinst freegje oft er dat ek yn it Frysk sizze kin. By jongere bern hat dat faak gjin doel om’t dy har noch net bewust binne fan it ferskil tusken de talen.

► Miskien wolle pake en beppe boppesteande rol wol op har nimme (“Beppe wurdt al âld, dy is it Nederlânsk in bytsje fergetten”).

► Jou komplimintjes as jim bern Frysk praat, oft dat no in pear wurden of in hiele sin is.

► Lit it bern sjen dat Frysk net allinne de taal fan thús is troch nei Fryske toanielfoarstellings te gean, nei Omrop Fryslân te sjen ensfh.

► Praat – as it heal mooglik is – ek Frysk tsjin de freontsjes fan jim bern; sa litst sjen dat it Frysk like goed en like gewoan is as it Nederlânsk.

Meitsje der boppenal gjin striid fan, mar hâld it licht en boartlik.

 

Boarne: de taalgroeimeter, sfbo

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!