heit&mem

Boekresinsje fan Jenny: Dêr is se dan! En wat no?

x 28 januari 2023

It boek giet oer lytse bear dy’t in lyts suske kriget. Dat betsjut dat hy syn heit en mem net mear altyd foar him allinne hat, en dan kin syn lytse suske ek nochris hielendal neat. Hy freget him dan ek ôf wat der no sa leuk is oan in suske, en fielt hoe’t it is om jaloersk te wêzen.

Wy hawwe dit boek lêzen doe’t ik swier wie fan ús tredde berntsje. En dat wie dus in hiele moaie oanlieding om it ris oer dit ûnderwerp te hawwen mei myn twa famkes fan 3 en 5 jier âld. Benammen ús âldste famke koe har goed ynlibje yn de gefoelens fan de lytse bear. Troch gefoelens lykas jaloersk wêzen en ûnwissigens oer de leafde fan heit en mem te beneamen en te bepraten, koenen wy ús famkes tariede op de tiid dat der yn ús húshâlding ek in soad feroarje sil. Us jongste famke is noch mar 3 jier en kin noch net goed ferwurdzje wat har dwaande hâldt, mar troch dit boek foar te lêzen koenen wy it moai oankaarte op in foar har begryplike manier. Troch it boek faker foar te lêzen, sjochst dat se hieltyd mear werkent en begrypt. Dêrtroch witte se no beide dat, ek al giet in soad oandacht fan heit en mem aanst nei de lytse poppe, dat neat ôfdocht oan de leafde foar har. Want fansels sille ek ús famkes wolris te meitsjen krije mei jaloerske gefoelens, mar wy kinne dan altyd it boek fan lytse bear der nochris by pakke.

 

It is in prachtich boek om kado te jaan oan oansteande grutte broers of susters. By ús stiet dit moai yllustrearre boek no te pronkjen op de keamer fan de lytse poppe. Underwilens hawwe wy it sa faak lêzen dat it boek al troch ús âldste famke oan de jongste foarlêzen wurdt. En trochdat it yn it boek fansels ta beslút allegearre goed komt, sjogge se sels ek mei spanning en wille út nei har eigen broerke of suske.

It boek ‘Dêr is se dan! En wat no?’ is foar €13,95 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

Troch Jenny van der Meer út Kornhorn

 

-> Jenny is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.