heit&mem

Smaaklessen yn ’e klasse

Nynke van der Zee 26 december 2017

‘Zitten er zóóveel suikerklontjes in een blikje cola?’ De bern fan groep 8 fan de Willem Alexanderschool út Ljouwert sjogge har de eagen út. Hjoed hawwe se in Smaakles oer iten en drinken op de middelbere skoalle. En de les falt dúdlik yn ’e smaak!

Sûn ite en drinke; it is in ûnderwerp dat de lêste jierren folop yn it nijs is. Hieltyd mear bern binne te swier om’t se net sûn genôch ite. Faaks omdat se net witte wat no wol en krekt net goed is. Dêr leit in taak foar it ûnderwiis, fûn tv-kok Pierre Wind. Hy betocht it plan om Smaaklessen op basisskoallen te jaan. Yn 2006 wie de allerearste Smaakles en yntusken hawwe al mear as 3000 skoallen yn hiel Nederlân Smaaklessen op it lesmenu stean.

Cola en in pûde chips

Ien fan dy skoallen is de Willem Alexanderschool út Ljouwert. Dêr krije de bern fan groep 8 fan ’e middei les oer sûn iten, foar as se straks nei de middelbere skoalle gean. Hoe sûn is in glês cola eins? En wat sit der yn in pûde chips? ‘Deze les is speciaal ontwikkeld voor groep 7 en 8’, fertelt Jeannette Nieuwenhuis. Sy is projektlieder Voedseleducatie & Smaaklessen by hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. ‘Leerlingen krijgen antwoorden op de vraag wat gezonde voeding is, maar we bespreken ook voor welke verleidingen ze allemaal komen te staan straks in de schoolkantine en de supermarkt.’

Cola en chips, it binne moaie foarbylden fan wat bern hjoed-de-dei graach ite en drinke. Sûn is it allerminst, mar wol hiel lekker fansels. ‘Dat is het probleem met ongezond eten, het is vaak heel lekker’, knikt Jeannette. ‘Maar wanneer je kinderen laat zien hoeveel suikerklontjes er in cola zitten, dan schrikken ze daar best van. Ons doel is om de interesse van kinderen te wekken en ze bewust te maken van wat ze eten. Met als uiteindelijk doel natuurlijk dat ze een gezonde en duurzame voedselkeuze kunnen maken.’

Weten waar je eten vandaan komt helpt kinderen om bewuste, gezonde keuzes te maken.

‘Weet wat je eet’

En dat slagget, want út evaluaasjes docht bliken dat Smaaklessen wol deeglik effekt hawwe. ‘Kinderen gaan er meer op letten of ze gezond en gevarieerd eten, zelfs al hebben ze maar een aantal lessen gevolgd’, wit Jeannette. ‘Weten waar je eten vandaan komt helpt kinderen om bewuste, gezonde keuzes te maken. Deze gezonde basis is erg belangrijk, want maar liefst 14 procent van de kinderen is te zwaar. En je schrikt wanneer je de cijfers over voldoende groente- en fruitinname leest. Drie op de vier kinderen krijgen niet genoeg fruit per dag en bij groente is dat zelfs 98 procent. Hoog tijd om daar iets aan te doen.’

Sûnt de allerearste Smaakles yn 2006 wurdt der hurd wurke oan dy doelstelling. Sa binne der ferskate tema’s betocht en kinne skoallen kieze út in nijsgjirrich oanbod fan lessen foar groep 1 oant en mei groep 8. It lesmateriaal bestiet út in smaakleskiste foar yn ’e klasse, in lêsmap, in digiboerd en in online ynspiraasjeboek. Yn it hiele lân binne der útlienpunten foar de Smaakleskisten. Hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert is ien fan dy stipepunten en dy hegeskoalle assistearret basisskoallen boppedat mei in studint yn de klasse.

In studint yn de klasse

‘Voor basisscholen hebben we een student Voedingsmiddelentechnologie of een stagiair Smaaklessen klaarstaan om mee te helpen in de klas’, fertelt Jeannette. Want in helpende hân, dêr ûntbrekt it in soad learkrêften oan, merkt se yn de praktyk. ‘Er zijn ontzettend veel meesters en juffen die wel een Smaakles willen geven, maar simpelweg de tijd niet hebben om dat allemaal zelf te regelen. Vandaar dat wij assistentie bieden met een student in de klas. En ook roepen we ouders op om een ochtend of middag te helpen tijdens de les. Want niet alleen kinderen kunnen nog veel leren over gezond eten, dat geldt zeker ook voor hun ouders.’

“Zien eten, doet eten” is it motto fan de Smaaklessen. Fandêr dat der yn it klaslokaal genôch te priuwen, te rûken, te sjen en te dwaan is. De ynstek is om de bern op in positive wize te fertellen oer iten. Dêrom wurdt de klam bewust net lein op it tema “overgewicht”, leit Jeannette út. ‘De Smaakles moet een positieve ervaring worden voor ieder kind, ook als je te dik bent. Je hersenen koppelen namelijk automatisch smaken aan herinneringen. Wanneer de sfeer in de klas goed is, zullen kinderen een positieve herinnering koppelen aan wat ze hier proeven. Dat blijft ze nog heel lang bij, waardoor de kans groter is dat ze het vaker zullen eten.’

Niet alleen kinderen kunnen nog veel leren over gezond eten, dat geldt zeker ook voor hun ouders.

Dogge jim ek mei?
Al hiel wat skoallen hawwe yntusken de smaak fan Smaaklessen te pakken. ‘In het Noorden hebben we al meer dan 400 scholen bereikt’, knikt Jeannette befêstigjend. ‘Maar daar kunnen natuurlijk altijd meer bij.’ Benijd nei in Smaakles by jim yn de klasse? Stjoer in mail nei smaaklessen@hvhl.nl of belje mei 058 284 63 81.

Thús oan ’e slach mei sûn iten?
Wolsto thús oan ’e slach mei sûn iten? Sjoch op www.smaaklessen.nl foar in oantal handige tips.

 

Troch: Nynke van der Zee

Ut: Heit&Mem nr. 1 2017

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

It ferske ‘Slaap kindje slaap’ kinne wy allegear. Mar hoe giet dat ferske no ek al wer yn it Frysk? Wy ha it foar jimme hjir delset!

lês mear