heit&mem

Taalûntwikkeling – 6-12 moanne

x 10 september 2018

In poppe fan seis oant tolve moanne reagearret op syn namme. Hy brabbelet en foarmet klanken lykas ga-ga, da-da en ma-ma. It begjint al op klanken fan taal te lykjen. De poppe begrypt it ferskil tusken in fêststelling (”Ja, dat is in boekje, hiel goed!”) en in fraach (”Wolst in boekje lêze?”). Hy docht oan mimyk en imitearret en docht lûden nei fan folwoeksenen, lykas kochelje. 

TIPS:
Praat tsjin jim bern, fertel watst dochst.
Bygelyks ast him of har ferskjinnest. Fertel en sjong oer de lichemsdielen fan dyn poppe of oer de dingen dêr’t dyn bern nei sjocht.

Doch kiekeboe spultsjes.
Bern binne sljocht op kiekeboe en ‘ik sjoch ik sjoch watsto net sjochst’-eftige spultsjes, op rymkes of op fingerpopkes. Ienfâldige rymkes en ferskes stimulearje by dyn bern no al de taalûntwikkeling. Sjoch ek de Tomke fingerpopkes en de Tomke hânpop.

Jou poppeboekjes (babyboekjes).
Jou dyn poppe boekjes fan sterk materiaal mei dúdlike plaatsjes mei in protte kontrast, lit dyn bern dermei boartsje, deryn sjen of der sels op kôgje. Wiis dingen oan, beneam se en praat oer it boartersguod. Kies boekjes út dy’tst sels ek aardich fynst.

Klik hjir foar de folder ‘Talen kleurje dyn libben’.

fingerpopkes-allegear

Tomke fingerpopkes – Dizze fingerpopkes fan Tomke en syn freontsjes kinst hiel goed brûke by it foarlêzen. Sa makkest it noch leuker! Hjir te bestellen foar
€ 9,95.

_________________________________________________________________________________________

Een baby van zes tot twaalf maanden reageert op zijn naam. Hij brabbelt en vormt klanken zoals ga-ga, da-da en ma-ma. Het begint soms al wat op klanken van taal te lijken. De baby begrijpt het verschil tussen een vaststelling (”Ja, dat is een boekje, heel goed!”) en een vraag (”Wil je een boekje lezen?”). Hij oefent zijn mimiek, imiteert en doet geluiden na die volwassenen maken, zoals kuchen. 

TIPS:
Praat tegen jullie kind, vertel wat je doet.
Bijvoorbeeld wanneer je hem of haar verschoont. Vertel en zing over de lichaamsdelen van je baby of over de dingen waar je kind naar kijkt.

Doe kiekeboe spelletjes.
Kinderen zijn dol op kiekeboe en ‘ik zie ik zie wat jij niet ziet’-achtige spelletjes, op rijmpjes of op vingerpoppetjes. Eenvoudige rijmpjes en liedjes stimuleren de taalontwikkeling van je kind. Zie ook de Tomke fingerpopkes en de Tomke hânpop

Geef babyboekjes.
Geef je baby boekjes van sterk materiaal met duidelijke, sterk contrasterende plaatjes; laat je kind ermee spelen, ze bekijken of er zelfs op kauwen. Wijs dingen aan, benoem ze en praat over het speelgoed. Kies boekjes uit die je zelf ook leuk vindt.

Klik hier voor de folder ‘Talen kleuren je leven’.

fingerpopkes-allegear

Tomke vingerpoppetjes – Deze vingerpoppetjes van Tomke en zijn vriendjes kun je heel goed gebruiken bij het voorlezen. Zo maak je het nog gezelliger! Hier te bestellen voor € 9,95. 

Bron: www.tomke.nl 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!