heit&mem

Foar alles in ferske!

Foar alles in ferske!

Dieuwke van der Meer 6 februari 2024

 

It nije boek ‘Foar alles in ferske!’ bestiet út tolve nije Fryske berneferskes, spesjaal skreaun foar bern fan 2 o/m 6 jier. De ferskes binne skreaun troch Clara Rullmann en is fergees beskikber foar berne-opfang en foar de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis. Fia in QR-koade yn it boek kinst de ferskes belústerje en de noateskriften downloade.

De ferskes, dy’t troch bern ynsongen binne, sette oan ta bewegen en meidwaan. Yn it boek stean by elk ferske tips foar aktiviteiten dy’tst dwaan kinst by de ferskes. Sa kinst safolle mooglik út de ferskes helje! Mei de presintaasje fan it boek op 29 febrewaris, sille Willy van Assen fan Danswil en Wytske Bouwma in clinic jaan. En: dêrnei sille sy beide nochris 5 clinics dwaan, dy’t jim as pjutte-opfanglokaasje of skoalle winne kinne!

Win in clinic!*
Willy van Assen (Danswil) en Wytske Bouwma sille jim in priuwke jaan fan hoe’tst mei it boek en de ferskes oan de slach kinst. Fan sjongen nei bewegen of oarsom, fan bewegen nei sjongen óf bewegen op de ynstrumentale ferzje van it ferske.
Yn de clinic biede sy 5 ferskes oan út de nije bondel fan Clara Rullmann. Doch mei mei de bern en ûnderfyn sels wat der allegear kin!

* Kinst dy net mear oanmelde om kâns te meitsjen op in clinic. Freed 1 maart wurde de winners bekend makke!
***

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.