heit&mem

Resinsje fan Thominde: Klút & Mients

x 15 januari 2024

Wy hiene de eare om it boek ‘Klút & Mients’ lêze te meien.

In boek oer fûgels en de natuer leit ús goed.

Nei Pykje Fjouwer is dit wol in nije favoryt!

It boek giet oer twa fûgels dy’t eb en floed ûntdekke.

Se freegje harren freonen oft sy witte wêr’t de see bleaun is, mar dy kinne Klút en Mients spitigernôch net helpe.

It boek leit op in goed bernenivo út hoe’t de freonen op syk gean nei de see.

Dêrneist binne de tekeningen sa ûntsettend moai en detaillearre makke (foaral de leppelbek dy’t poept yn ‘e loft wurdt hjir wurdearre en de einepykjes dy’t derútsjogge oft se echte bern binne (mei in petsje op en oan it toutsjespringen) troch Roberta Müller.

De bern leare hokker bisten der libje yn en by it waad.

Mar ek foar de âlden is it tige learsum.

Ik haw nije bisten ûntdutsen dy’t ik sels ek noch net koe.

It is echt in ûntdekkingstocht by it waad del.

De bern wolle dat ynkoarten sels ek ris ûntdekke by it waad.

De útlis fan it tij is foar bern fan 4 jier eins noch te yngewikkeld.

Myn dochter begriep de útlis noch net goed.

Se begrypt no wol dat by de see it wetter tydlik ferdwynt en dan nei in skoftke wer weromkomt.

Allinnich dat dat te krijen hat mei de stân fan de moanne en dat dy oan de ierde lûkt (eb) en op oare plakken in bulte wurdt (floed) begriep sy noch net.

Dat stik bewarje we foar as se wat âlder is.

Sels de jongste fan 2,5 jier fûn de tekeningen tige moai en harke mei oandacht nei it ferhaal.

In hiel moai en learsum boek, foar bern likegoed as foar folwoeksenen.

Wy kinne der yn alle gefallen gjin genôch fan krije en lêze it no hast alle jûnen.

 

Thominde Miedema


It boek ‘Klút en Mients ûntdekke eb en vloed’ is foar € 15,99 hjir online te bestellen.

-> Thominde is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.