heit&mem

Lêstip fan Keimpe: De Grutte Griene Grizel

Dieuwke van der Meer 27 juli 2023

 

‘De Grutte Griene Grizel’ is de lêstip fan Keimpe fan de moanne augustus!

As Knyn op in dei nei hûs sil, heart er ynienen in lûde stim. Dy stim komt út syn hol wei: “Ik bin de GRIZEL, GRUT EN GRIEN en ik bin akelich gemien!”.
Wa soe der yn Knyn syn hol sitte?

Leeftiid: 3+

‘De Grutte Griene Grizel’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

Fan de skriuwer fan ‘De gruffalo‘ en de yllustrator fan ‘Wy geane hjoed op bearejacht‘.
–> De Gruffalo
–> Wy geane hjoed op bearejacht

Yt: “Myn soan hat it boek op skoalle krigen. It bliuwt in machtich boek! Wy lêze it noch in soad, de broerkes fine it ek skitterjend. It moaie is de ferrassing, it blykt in ûndogenske lytse kikkert te wêzen dy’t de oaren oan it skrikken kriget. De yllustraasjes binne ek hiel moai. In echte oanrieder!”

De resinsje fan Annemarieke:

By it opheljen fan de post út de brievebus komt it boek “De Grutte Griene Grizel” tefoarskyn, dêr’t Femke (1,5 jier) op reagearret mei: ‘Oaljefant’. Hielendal bliid gean wy direkt mei-inoar yn de stoel sitten om it boek te lêzen. Femke is benammen rjochte op it beneamen fan de bisten yn it boek.

Wylst wy it boek fierder lêze, komt Maaike (3,5) der ek by sitten om mei te harkjen. It boek is kwa konsintraasje goed te dwaan foar beide leeftiden, it boek hat dan ek grutte letters, wêrtroch’t it ferhaal goed te lêzen falt. Beide fine se de tekeningen fan de bisten yn it boek hiel moai. 

Femke slacht gau de bledside om, om te sjen hokfoar bist der no tefoarskyn komt. Maaike wol graach earst de foarige bledside noch efkes lêze en fertelt dat se ek wolris in meunster sjoen hat. Se fertelt dat meunsters aaklik binne, wêrop’t myn reaksje is dat alle bisten yn it boek ek hiel bang binne foar “de Grutte Griene Grizel”. It meunster dat Maaike sjoen hat siet ûnder har bêd, en it meunster fan it boek sit yn in hol, dat makket it ferhaal ferlykber. Wy lêze mei syn trijen rêstich fierder en komme by elke bledside in nij bist tsjin. 

Jûns freget Maaike wa’t der no yn it grutte hol sit en hoe’t er derút sjocht. Dan lêze wy flechtich fierder en mei-inoar komme wy ta de ûntdekking dat it ferhaal in hiel grappich ein hat. Ik fertel Maaike en Femke dat it bist grapkes úthellet mei alle oare bisten. Maaike begjint hurd te laitsjen en mei-inoar laitsje wy om it ein, wêrby’t alle bisten yn it boek ferheard binne oer wa’t de “Grutte Griene Grizel” is. Wy hawwe dit boek yn in koarte tiid al meardere kearen lêzen, dus it boekje kin wol beneamd wurde as it favorite lêsboekje foar it sliepen gean!

Annemarieke
Mem fan Femke en Maaike

De resinsje fan Simone:

(…) “Op in dei as knyn thúskomt, heart er út syn hol in stim kommen. Dy ropt: ‘Ik bin in Grizel Grut en Grien en ik bin akelich gemien.’ De stim is sa lûd dat knyn der benaud fan wurdt. Hy doart net mear nei binnen. Gelokkich wol kat it wol probearje, mar as kat de stim heart, doart er it dochs ek net. Bear wol it dêrom wol besykje, mei syn sterke klauwen kin de Grutte Griene Grizel him dochs neat dwaan? As ek oaljefant it net oandoart it hol fan knyn yn te gean om de Grutte Griene Grizel fuort te jeien, binne de bisten har ried te’n ein. As sels in bist lykas in bear of in oaljefant al bang is, wa moat harren dan noch rêde? Mar dan komt der help út in ûnferwachte hoeke. Soe it dan dochs goed komme? De beide bern fine it o sa spannend…

Sa gau as de bern wer nei skoalle meie, komt it boek ûnder de earm mei nei skoalle ta. Ek de bern út ’e klasse moatte derfan genietsje. ‘Ik gean noch net ferklappen wat der yn it hol fan knyn sit,’ seit Stijn, ‘dan is it foar de oare bern ek noch in ferrassing.’ Soene sy krekt sa ûnder de yndruk wêze fan de Grutte Griene Grizel?”

Ynsjochfilmke! 

<folget sa gau mooglik> 

Kleurje en nifelje!
Understeande printabels binne kleurplaten, passend by it boek. Fan de rjochtse kinst in kniper meitsje 🙂
Klik op it plaatsje foar de download. (PDF) 

Wurkest yn it ûnderwiis?
Sjoch dan ûndersteande lesbrief by it boek De Grutte Griene Grizel. Dêr steane allegear leuke aktiviteiten yn om mei de bern yn de klasse te dwaan.
Klik op it plaatsje foar de download. 


Lêsbingo!
Sjochris hoe leuk! Wolsto dyn bern mear lêze litte? Keimpe ek! 📖 Dêrom hat Keimpe dizze leuke lêsbingo foar jim makke. Leuk foar yn de fakânsje, om gjin ‘lêsdip’ te krijen.
Besykje op alle mooglike plakken en manieren te lêzen! 😄
Klik op it plaatsje foar de download. 

   

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.