heit&mem

Lês mar foar!

Dieuwke van der Meer 7 juli 2023

Fan 11 o/m 29 septimber binne wer de Lês-mar-foar-wiken!

Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen? Alle pjutten krije nei it foarlêzen in nij Tomke-boekje mei nei hûs, en foar bern fan 4 o/m 8 jier ferskynt in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Yn de biblioteek kinne de nije boekjes ek ophelle wurde, tagelyk mei in spesjale edysje fan it tydskrift heit&mem. En fansels binne der ek oare prachtige Fryske berneboeken dêr’t út foarlêzen wurde kin! Mei de Lês-mar-foar-wiken is noch folle mear te dwaan:

  • yn de biblioteken binne der ferskate foarstellingen te folgjen,
  • op Omrop Fryslân fynst tolve nije aventoeren fan Tomke én fjouwer printeboekfilmkes,
  • en op Tjits Floch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren.

Lêze jim thús ek mei? Sjoch op de www.lesmarfoar.frl foar mear ynformaasje.

Winaksje
Mei de Lês-mar-foar-wiken rydt der in echte Tomke&Keimpe-bus troch Fryslân! Yn dy perioade kinst de bus, dy’t troch Arriva omtovere is ta in foarlêsbus, samar tsjinkomme. En… hy kin ek by jim pjutteplak of skoalle delkomme! Om yn de foarlêsbus te wêzen is is al in feestje, mar de bern wurde hjir ék nochris foarlêzen. Wolle jim de foarlêsbus winne? Folje dan hjirûnder dyn gegevens yn en jou oan wêrom’t de bus nei jim lokaasje komme moat!

 

Winaksje foarlêsbus

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.