heit&mem

De Fryske oersetting fan ‘Maar eerst ving ik een monster’ (foarlêsdagen)

De Fryske oersetting fan ‘Maar eerst ving ik een monster’ (foarlêsdagen)

Dieuwke van der Meer 18 januari 2022

Fan 26 jannewaris oant en mei 5 febrewaris binne it wer de ‘Nationale Voorleesdagen’. Foarlêzen stimulearret de (taal)ûntwikkeling fan bern en prikelet de fantasy. En it is ek noch ris hiel goed foar de bân mei de bern! Foarlêze kin fansels yn alle talen.

It printeboek fan it jier 2022 is ‘Maar eerst ving ik een monster’. Dit printeboek is net yn it Frysk ferskynd, mar der is wol in Fryske oersetting fan it printeboek mei allerhande suggestjes foar aktiviteiten by it foarlêzen. Sa kinst dit prachtige printeboek ek yn it Frysk foarlêze!

Dat printeboek giet oer in hiel koart ferhaal foar it sliepengean. In hiel koart ferhaal dat hieltyd langer wurdt, om’t der noch meunsters fongen wurde moatte. 

Klik hjir om de lesbrief mei de Fryske oersetting ‘Mar earst fong ik in meunster’ te downloaden.

Besjoch hjir de Fryske printeboeken top 10.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.