heit&mem

De resinsje fan Wopkje: De alderleafste lytse bearen

x 4 augustus 2021

“De alderleafste lytse bearen” is in alderleafst printeboek foar pjutten en beukers. Eins ek wol foar heiten en memmen en pakes en beppes. Ek út de yllustraasjes strielet safolle waarmte en leafde.

“De alderleafste lytse bearen” giet oer mem en heit bear, mei harren trije lytse bearen.

Earste lytse bear is hielendal brún. Twadde lytse bear is griis mei in wyt snútsje. En tredde lytse bear is brún mei in wyt snútsje.

Heit en mem bear fine harren trije lytse bearkes de alderleafsten fan de hiele wrâld, mar de lytse bearkes begjinne te prakkesearjen en se fine eins net dat dát kin. En se freegje harren ôf hoe’t mem dat no witte kin, dat sy de alderleafsten wêze kinne. En mem fertelt dat heit dat sein hat en as heit it seit, dan ís it ek sa!

Mar dochs… begjinne se opnij te prakkesearjen.

In prachtich printeboek, mei in soad waarmte skreaun, dêr’t in djippere libbensles yn sit.

It brune bearke tinkt dat bearkes mei wite snútsjes better binne. En it twadde bearke tinkt dat heit mear fan de oare bearkes hâldt omdat de oaren jonkje-bearkes binne. En it tredde bearke makket him soargen omdat hy lytser is as de oaren. Sa tinke se alle trije nei en sizze tsjininoar dat se it dochs mar wer freegje moatte.

En dyselde jûns komme se der, by heit, wér mei del. ”Heit, wy kinne dochs net alle trije de alderleafsten wêze, toch?” “Jawis wol,” seit heit, “dat hat jim mem sein. En as mem it seit, dan is it écht sa! Ek sûnder wite snút bist de alderleafste. Ek al bist gjin jonkje, bist ek de alderleafste. Ek al bist de lytste, bist wol de alderleafste. Wy binne like wiis mei jim allegear!”

En doe koenen de trije alderleafste bearkes har noflik deljaan, want dat wie in bearegoed antwurd fan heit.

En sa komt it allegear wer goed…

It giet der net om hoe’tst derútsjochst, bist goed sa ast bist, dat wolle heit en mem bear harren beareberntsjes graach meijaan. En dat is slagge!

In prachtich printeboek, mei in soad waarmte skreaun, dêr’t in djippere libbensles yn sit.

En yn de moaie yllustraasjes kinst de leafde foar de natuer weromfine; allinnich al om de yllustraasjes soest dit printeboek wol ha wolle.

 

Resinsje skreaun troch: Wopkje Bergmans 

It boek ‘De alderleafste lytse bearen’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Wopkje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.