heit&mem

De boekresinsje fan Jettie: ‘Hoe is it yn de romte?’

x 14 september 2020

It boek ‘Hoe is it yn de romte?’ is in ynformatyf flapkeboek oer de romte en it libjen dêr. In ynteressant boek mei nuveraardige feiten foar jonge bern én harren âlden!

Us Jelmer (6) is in nijsgjirrich jonkje, altiten ree foar aksje en wat nijs. Foar him begjint de ‘pret’ al mei it iepenmeitsjen fan de grutte slûf fan de Afûk. Dêr sit grif wat leuks yn!

By it sjen fan it boek wurdt er entûsjast: O, in boek oer de romte! Mei moaie plaatsjes! Is dat foar my? Ik wol it ha!

It wurdt, koartsein, feestlik ynhelle.

Wat makket dit boek, dat mear liket op in printeboek as op in ynformaasjeboek, sa leuk?

It begjint al mei it fleurige kaft. Dat nûget út ta lêzen en dat bliuwt it hiele boek troch sa. It boek is in moaie kombinaasje fan tekst en yllustraasjes. Der stiet gjin wurd tefolle yn, de ynformaasje wurdt koart holden, de tekeningen binne fleurich, kleurich en grappich. De toan fan it boek is luchtich.

Der sitte 43 flapkes yn it boek, elk mei in fraach. It antwurd fynt men ûnder de flapkes. De fragen binne koart en dúdlik, lykas de antwurden. En de yllustraasjes litte alles op in humoristyske wize sjen. Dat makket it boek geskikt foar bern fan 5-6 jier. Ek al kinne se sels noch net lêze, der binne genôch plaatsjes te besjen en flapkes te iepenjen (fan stevich karton). 

Elke bledside giet oer in aspekt fan de romte: sjoen fan de ierde ôf, hoe komst yn de romte, wêr kinst hinne yn de romte, wat hearst yn de romte, kinne we ek nei Mars en wat is der mear?

In yngewikkeld ûnderwerp, mar dit boek hâldt it simpel en oersichtlik.

Drege wurden komme der eins net yn foar (alhoewol, romtemissykontrôlekeamer?).

En watfoar flapke fynt Jelmer it moaiste? Dat binne der twa. De pisjende astronaut en de sliepende, fêstbûn oan de muorre, om net fuort te sweevjen. Ham en Laika koe er al fan eardere boeken, en dy komme yn dit boek ek foar! En watfoar ûnderwerpen fynt hy minder ynteressant? De flapkes oer de Molkwei, it stjerrestelsel en de Nebula (presys, dy ja), dy sprekke him noch net sa oan. Te grut, te ûnbegryplik noch. Mar is it dat foar de measte folwoeksenen ek net?

Jettie de Wilde

‘Hoe is it yn de romte?’ is foar € 12,95 hjir online te bestellen.

 

-> Jettie is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.