heit&mem

De resinsje fan Wytske: ‘Fan de lytse mol…’

x 28 februari 2019

Wa is der net grutbrocht mei de lytse mol, ik yn elk gefal wol. Doe’t ik sa’n 25 jier lyn op It Pjutteplak yn Wytgaard siet, waard dat boek al oan ús foarlêzen troch de liedster. By my op souder fûn ik sels noch in bypassend knutselwurkje (út 1993) fan de lytse mol.

It ferhaal fan de lytse mol is in tiidleaze klassiker dy’t noch hieltyd soarget foar in glimke op elk bernegesicht. De Fryske ferzje is no ek te krijen yn in stevige kartonútfiering. Sa kinne lytse lêzers it boek sels fêsthâlde en besjen sûnder dat de bledsiden knûkelje. Myn neefke Hidde (1,5 jier) en myn freontsje Brent (6 moanne) woene it boek wol efkes teste.

It is in prachtich ferhaal oer in lytse mol dy’t op in dei syn kop boppe de grûn stekt om te sjen oft de sinne al opkaam is. Dat hie er miskien net dwaan moatten … Krekt op dat momint wurdt der op syn kop skiten, mar troch wa? Dan folget in lange syktocht lâns allegearre ferskillende bisten, dy’t de lytse mol ien foar ien sjen litte hoe’t se skite. Dat ritueel wurdt prachtich ûnder wurden brocht yn it boek, wat soarget foar in protte wille by de lytse lêzers. Hidde wennet sels op in buorkerij, dus hy werkent de bisten en wit presys hokker gelûden se meitsje; sa is der in soad ynteraksje ûnder it foarlêzen. De werhelling yn it ferhaal is foar jonge bern hiel fijn en belangryk. Op dy manier leare se nije wurden en sinskonstruksjes kennen, wat wer fan grut belang is foar de taalûntwikkeling. Nei in skoftke kinne se de sinnen oanfulle of sels it ferhaal oan heit en mem fertelle.  

 

Yn it boek giet de lytse mol by in do, in hynder, in hazze, in geit, in ko en in baarch lâns, mar al dy bisten ha net op ’e kop fan de mol skiten. Uteinlik helpe twa dikke blauwe miggen him nei de dieder, en de lytse mol nimt wraak, mar op wa? Bestel dit prachtige boek gau by de Afûk, dizze ûnferwoastbere kartonferzje mei seker net ûntbrekke yn dyn boekekast.

Troch Wytske Jongbloed
Wurksum as logopedist binnen it spesjaal ûnderwiis

 

Fan de lytse mol, dy’t witte wol wa’t him op ’e kop skiten hat’ is foar €12,25 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

-> Wytske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.