Undersyk nei Tomke
Hieke Rienstra 16 maart 2018
Yn opdracht fan Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân hat ûndersyksburo Partoer âlders fan pjutten yn Fryslân frege nei harren miening oer en ûnderfining mei Tomke. Ut it ûndersyk docht bliken dat hast alle ûnderfrege âlders (98%) Tomke kenne en dat it grutste diel fan de âlders (92%) it belangryk fynt dat Tomke de Fryske taal stimulearret. De measte âlders jouwe dêrneist oan dat sy troch Tomke mear mei de Fryske taal dogge, bygelyks troch faker yn it Frysk foar te lêzen.
De ûndersykspublikaasje mei alle útkomsten is yn te sjen op de website fan Stichting Lezen of fansels fia Tomke.nl.
Klik op de ôfbylding hjirûnder foar de belangrykste útkomsten op ien a4:
![]() |

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: