heit&mem

Rougedichten » Routeksten

Wolsto graach in tekst of gedicht op it Frysk nei sjen litte? Mail de tekst yn in wordbestân nei ynfo@heitenmem.nl en wy sjogge it fergees foar jim nei!

Sjoch foar Fryske routeksten en -gedichten it boekje ‘Foar altyd yn ús hert‘.
Sjoch foar houliks- en leafdesgedichten it boekje ‘Leafste leave‘.

 

Mei leafde en respekt betinke wy it bysûndere libben fan

Mei djippe bewûndering en in protte respekt foar har moedich droegen sykte en tankber foar alles wat sy ús yn har libben meijûn hat, dogge wy kundskip dat by ús weigien is myn ynlik leave frou, ús soarchsume mem en fantastyske beppe

It is goed. Wy binne der, gean mar. Haw gjin noed, do bliuwst altyd by ús.

Leave heit, do hast ús hommels ferlitten. Wy hoopje datsto no lokkich bist.
Dyn libben moat ik loslitte, yn myn libben hâld ik dy fêst.

Op 1 july hat …. in ein oan syn libben makke. Hy woe net mear. Wy hâlden fan him en moatte fierder.

Moandei hat …. besluten om hár wei te gean; in wei dy’t har mear en mear fertroud foarkaam en har úteinlik de rêst en stilte brocht dy’t sy sa winske.

Wy dogge kundskip fan it tragyske ferstjerren fan

Hielendal stil en fertrietlik litte wy jo witte dat …. ferstoarn is

Nei in tragysk ferkearsûngelok is hommels út ús fermidden weiskuord

Troch in needlottich ûngelok is hinnegien ús leave soan en broer

Nei in drôvich ûngelok bisto der ynienen net mear. Do wiest sa leaf. Mear wurden kinne wy net fine.

Hjoed is troch in needlottich ûngelok ús leave …. ynienen by ús weinommen. Se woe noch safolle, wy hawwe gjin wurden foar dit fertriet.

Mei yntins fertriet dogge wy jimme te witten dat nei in dramatysk ûngelok út ús fermidden weiskuord is ús alderleafste

Us leave mem en beppe is der net mear. Oan har ierdsk libben is troch in autoûngelok hommels in ein kommen. Wy binne ferslein.

Ynienen bisto der net mear. Wy diele jimme mei dat nei in warber libben fol oandacht, soarch en begryp foar ús en oaren, as gefolch fan in needlottich ûngelok út ús libben weinommen is, myn leave man en ús heit

Ynienen stiet ús wrâld stil. Us rots yn de brâning, stipe en taflecht, bliermoedich en altyd rjocht troch see. Net te befetsjen dat wy dy no misse moatte. It libben nimt dy as in fûgel yn syn flecht mei.

Wy binne ferbjustere, mar it is wier: ús leave mem en beppe is der net mear.

Op snein 14 oktober is …. oan syn lêste reis begûn.

Wannear’t it langstme nei moarn ferdwynt, dan is it tiid om de grutte reis oan te gean.

Tiisdeitemoarn is fredich en kalm ferstoarn …. Fertriet is der, mar ek tankberens dat fierder lijen har besparre bleaun is. Kostber as juwielen binne de oantinkens oan de lêste wiken.

Yntins fertrietlik, mar tankber dat him in fierder lijen besparre bleaun is, haw ik ôfskie nommen fan myn leave en soarchsume man

Nettsjinsteande har yntinse langst om mei ús fierder te libjen en foar ús te soargjen, is by ús weigien myn leave frou en ús soarchsume mem

Nei twa jier fjochtsjen tsjin kanker is, yn de folle oertsjûging dat se nei in bettere wrâld ta giet, ferstoarn myn leave frou en ús leave, soarchsume mem

In ûngelikense striid tsjin in sykte dêr’t nimmen ivich tsjin fjochtsje kin. Nettsjinsteande it fertriet en de pine is it ús tegearre slagge om op in goede wize ôfskie fan inoar te nimmen.

Nei in striidlustich en moedich dragen fan har sykte wie dy úteinlik dochs sterker as hjasels. Nettsjinsteande dy striid is sy fredich, yn it bywêzen fan har famylje en freonen, ferstoarn.

Op 20 jannewaris 1997 is ferstoarn ….
Bewûndering fertsjinnet har libbenskrêft. Sterk wie sy yn har striid tsjin de sykte. Grut wie har leafde foar har dierberen. No is sy yn rêst by ús weigien.

Wy binne dernei ta groeid. Nettsjinsteande dat is it ôfskie nimmen foar elts fan ús dreech.

Hja wie sa wurch, sa wurch fan it fjochtsjen, alles loslitte te moatten. Gelokkich is …. – mei har dierberen om har hinne – hiel sêft en rêstich ynsliept. Wy sille har as frou, mem en minske o sa misse.

Nei in muoisume striid, mar mei in protte moed, is út ús fermidden weinommen ús leave

Alhoewol’t wy wisten dat der gjin betterskip mear mooglik wie, falt it ús swier jimme meidiele te moatten dat wy nei in moedich droegen sykte ôfskie nimme moasten fan myn leave man, ús leave heit en pake

Yntins drôvich, mar mei djip respekt foar de ferheftige striid dy’t sy levere hat om by ús te bliuwen, diele wy jimme mei dat rêstich ynsliept is

Mei in protte fertriet yn ús hert wolle wy jimme witte litte dat fan har pine ferlost is ús leave

In befrijing foar har, mar tige fertrietlik foar ús, is it ferstjerren fan myn ynlik leave frou en ús alderleafste mem

In goed minske, in libbensgenieter, myn trouwe maatsje troch tsjok en tin, ús leave heit hat ús te betiid ferlitten.

Myn leave man, ús heit en pake út tûzenen hat ús ferlitte moatten. Hy wie der altyd foar eltsenien.

In markante, ynspirearjende persoanlikheid is nei in ryk en fol libben by ús weigien.
Wat sille wy him misse.

Us unike heit en pake is hinnegien. Wy binne ferbjustere en drôvich, mar hy sil altyd by ús bliuwe troch de ûnferjitlike yndruk dy’t er efterlitten hat.

Oan ’e ein fan syn libben ta genietsjend en plannen meitsjend foar de heine takomst, is yn ’e betide moarn fan 8 novimber yn syn sliep by ús weirekke myn leave, tige soarchsume man, ús dierbere heit en pake

Nei in libben fol leafde hat ôfskie fan ús nommen ús leave

Leave heit, foar ús bisto ûnbeheinde leafde en oandacht. Dy wiene altyd by ús en dêr hasto ús mei foarme. Sa libbesto yn ús en yn dyn pakesizzers fierder, foar altyd.

Net ûnferwachts, mar wol fierste betiid, is ús alderleafste heit en pake ferstoarn.

Us leave mem, beppe en oerbeppe …., sûnt 8 jannewaris 1955 widdo fan …., is ynsliept. Har leafde foar de dingen dy’t it libben moai meitsje hat se oan ús trochjûn.

Op 28 augustus 1999 is nei in lang en lokkich libben rêstich ferstoarn ús leave

Nei in moai libben hawwe wy ôfskie nommen fan myn leave man, ús soarchsume heit en pake

O sa tankber foar wat hy foar ús betsjutten hat, litte wy witte dat rêstich en weardich hinnegien is ús leave en soarchsume heit en pake

Wy binne tankber foar it libben fan ús mem, ien út tûzen. Sy hat in protte minsken goeddien. Yn de âldens fan 85 jier is sy no by ús weigien.

Tankber dat wy him sa lang yn ús fermidden hawwe mochten, dogge wy kundskip fan it ferstjerren fan myn leave man, ús heit, pake en oerpake

Mei leafde hasto foar ús libbe en soarge. No moatte wy mei in protte fertriet ôfskie nimme fan myn ynlik leave man en ús leave, soarchsume heit en pake

Mei fertriet litte wy witte dat, nei in libben fol leafde en soarch, op freed 25 july 1992 ferstoarn is myn leave frou, ús soarchsume mem en beppe

Nei in lang en soarchsum libben is ferstoarn ús leave mem, beppe en oerbeppe

Dochs noch ûnferwachts moatte wy yn leafde ôfskie nimme fan ús soarchsume

Nei in libben fan tawijing en soarch foar eltsenien dy’t har leaf wie, dogge wy kundskip fan it ferstjerren fan ús leave

Mei grut fertriet, mar ek fol fan tankberens foar alles wat sy foar ús betsjutten hat, litte wy witte dat by ús weigien is ús leave

Mei grut fertriet, mar ek fol fan moaie oantinkens, diele wy jimme mei dat nei in roerich libben fan ús ôfskie nommen hat myn leave frou en ús fantastyske mem

Drôvich, mar stipe troch ûnferjitlike oantinkens, diele wy jimme mei dat mids al syn dierberen ferstoarn is myn leave, soarchsume man en ús fantastyske heit

Mei fertriet yn ús hert, mar wol yn grutte tankberheid foar wat wy meielkoar belibje mochten, hawwe wy ôfskie nimme moatten fan myn leave frou, ús ûnferjitlike mem en beppe

Mei grut fertriet litte wy witte dat yn ’e âldens fan krapoan 85 jier op sneontemiddei 19 augustus 2000 ferstoarn is

Op 7 maart 1996 kaam der in ein oan it ierdske libben fan myn leave, dappere frou, ús bêste mem

Syn ierdske flam is dôve. God hat opnommen yn Syn ivich ljocht ús leave heit en pake

Op in foar ús fierste betiid momint hat syn Hear him roppen en opnommen yn Syn ivichheid, myn ynlik leave man en ús leave soarchsume heit en pake

Alhiel ûnferwachts en foar ús fierste betiid is troch God thúshelle ús alderleafste mem en beppe

Oan Gods genede betrouwe wy it alderdierberste ta wat wy besitte.

De soarchsume hannen fan ús leave mem binne foar de lêste reis geardien.

Yn Gods ûntferming opnommen ús leave mem en beppe

Weromkeard nei syn Skepper, myn leave man, ús heit en pake

Yn de folle wissichheid fan it leauwen is yn syn Hear en Heilân rêst myn leave man, ús heit en pake

Op 20 augustus 1904 rôp God …. ta libben. Hjoed, 12 febrewaris 1994, helle Hy har thús. Wy jouwe har út hannen en lizze har del yn de ierde, yn de hannen fan de libjende God.

Yn betrouwen op har Hear en Heilân is op moandeitemiddei 18 septimber 1960 rêstich ynsliept ús leave mem, beppe en oerbeppe

Wat in minsken, withoefolle blommen, in protte kaarten, in hiel soad stipe. It gemis sil altyd bliuwe, mar de bliken fan meilibjen nei it ferstjerren fan ús prachtige dochter en leave suster …. hawwe ús tige goeddien. Us oprjochte tank dêrfoar.

Tanke wol
foar de treastende wurden, sprutsen of skreaun, foar alle bliken fan meilibjen. It wie foar ús in grutte stipe nei it ferstjerren fan myn leave frou, ús mem en beppe ….

Betanke
foar in stil gebed
foar dy stille omearming
foar dy treastende wurden,
sprutsen of skreaun.

Betanke
foar de hândruk
as wurden stykjen bleaunen,
foar alle bliken fan leafde en freonskip.
It docht goed om te witten dat safolle minsken mei ús meifiele.

 

Foar jimme meilibjen en belangstelling nei it ferstjerren fan ús leave heit en pake wolle wy jimme hertlik tankje.

It wie moai om te fernimmen dat jimme sa mei ús meilibbe hawwe yn ’e tiid fan syn siikwêzen en nei it ferstjerren fan myn ynlik leave man, ús dierbere en altyd soarchsume heit en geweldige pake …. Wy sille dat nea ferjitte.
Us oprjochte tank dêrfoar.

Safolle meilibjen,
safolle treastrike wurden,
safolle leafdefolle brieven en kaarten.
Wat hawwe se in soad foar ús betsjutten en ús krêft jûn om troch te gean. It fielde en fielt noch altyd as in waarme tekken om ús hinne.

Sa machtich yn oantal wiene de ferskillende bliken fan meilibjen, dat it inkeld op dizze wize mooglik is om jimme allegearre dêr hertlik foar te tankjen.

Oerweldigjend wie jimme meilibjen, neidat sa hommels by ús weinommen waard …. It hat ús o sa goeddien dat …. by sa’n soad bemind wie en troch safolle wurdearre en respektearre waard. Jim waarme belutsenheid joech ús in geweldich soad stipe en sil ús helpe om mei it grutte gemis en it fertriet om te gean.

In protte minsken hawwe mei ús stilstien by it libben en ferstjerren fan myn leave frou en ús leave mem en beppe ….
Wy wolle jimme tige tank sizze foar de wize hoe’t jimme ús ta stipe west hawwe.

Triennen en leechte…
Mar leafde en waarmte hawwe wy ek field, ús jûn troch in kaart, brief, tillefoantsje of troch der gewoan foar ús te wêzen nei it ferstjerren fan myn fantastyske frou en ús leave, soarchsume mem …. Mei’t it ûnmooglik is om elkenien dêr persoanlik foar te tankjen, betsjûgje wy op dizze wize ús oprjochte tank.

Wy wolle graach elkenien tank sizze dy’t ús in waarm hert tadroegen hat yn ’e tiid fan it siikwêzen en nei it ferstjerren fan ús dochter en suske …. De gedachte dêroan jout ús krêft en moed om de tried fan it libben wer op te pakken.

Graach wolle wy jimme tank sizze foar it meilibjen, de blommehulde en de treast dy’t wy ûntfange mochten nei it ferstjerren fan ús leave …. 

Yn ús fertriet om it hinnegean fan myn frou, ús mem en beppe …. hawwe wy in protte bliken fan leafde en meilibjen ûntfongen. Dêr binne wy jimme hiel tankber foar.

Mei leafde tinke wy alle dagen wer oan ….
Hertferwaarmjend wiene alle hannen, tuten, leave wurden, blommen en kaarten. It ôfskie, dat wy mei safolle minsken diele koene, hat djippe yndruk makke. Dêrfoar wolle wy elkenien tank sizze en wy sille dêrmei ek de krêft fine om fierder te gean.

Leave minsken,
It is geweldige moai om te fielen en te witten dat safolle minsken fan ús hâlde, ús treaste wolle en de muoite nimme om ôfskie te nimmen fan de man dy’t ús dierber wie. It is dêrom ûnmooglik foar ús om alle minsken persoanlik tank te sizzen, hoe graach oft wy dat ek wolle soene. Dêrom wolle wy op dizze wize elkenien hertlik tank sizze dy’t ús ta treast wie, op hokker wize dan ek, yn ’e tiid fan it siikwêzen en nei it ferstjerren fan ús o sa dierbere ….

Leave minsken,
Jimme oanwêzigens by de útfeart, de kaarten, brieven, tillefoantsjes en besites nei it ferstjerren fan ús leave …. hawwe ús djip rekke. Wy ûnderfine dat as in grutte stipe by it ferwurkjen fan dit grutte ferlies.
Hertlik tank dêrfoar.

Leave minsken,
Op dizze wize wolle wy jimme tank sizze foar de waarme belangstelling yn ’e lange tiid fan it siikwêzen fan …. en by syn lêste ôfskie.
Safolle minsken, blommen, kaarten, leave wurden en al dy earmen om ús hinne!
Mei ús hawwe jimme ôfskie fan …. nommen op in wize dêr’t wy altyd yn leafde oan weromtinke sille.

Tige tank leave minsken, foar alle stipe dy’t ús kant op kaam en foar jimme meilibjen nei it hommels ferstjerren fan …. It jout ús de krêft om de ferpletterjende werklikheid te wjerstean.

Alhoewol’t de grutte leechte en it gemis bliuwe, docht it ús goed om te witten dat …. net allinne foar ús, mar ek foar oaren in protte betsjutten hat.

Bot oandien binne wy troch de oerweldigjende belangstelling, yn hokker foarm dan ek, dy’t wy ûnderfûn hawwe, likegoed yn ’e tiid fan har siikwêzen as nei it ferstjerren fan myn alderleafste frou en ús leafste mem ….
Us oprjochte tank dêrfoar.

Wy misse myn leave man, ús ûnferjitlike heit en pake …. noch alle dagen fan ’e wike, mar stipe troch de waarmte fan ús famylje, freonen en kunde besykje wy mei ús libben fierder te gean. Wy hiene graach eltsenien persoanlik tank sein foar it meilibjen mei ús fertriet, mar om nimmen te ferjitten doch ik it, mei út namme fan ús bern en bernsbern, op dizze wize.

It is ûnfoarstelber stil en leech, mar moai binne de oantinkens oan myn leave frou ….
Foar alle bliken fan belangstelling en meilibjen, yn hokker foarm dan ek, ûnderfûn nei har hommels ferstjerren, sizze wy jo oprjocht tank.

It docht noch altyd sa sear…
mar de grutte belangstelling, yn hokker foarm dan ek, dy’t wy fan safolle minsken ûntfange mochten nei it ferstjerren fan myn leave man, ús heit en pake …. makket it fertriet draachliker. Us oprjochte tank dêrfoar.

Hjirby wolle wy elkenien tankje foar alle kaarten, brieven en blommen, telefoantsjes, stipe en waarmte nei it swiere ferlies fan ús leave ….

Dat safolle minsken rekke binne troch it ferstjerren fan myn leave frou en ús fantastyske mem …. hat ús djip yn it moed taast. Wy wolle jimme dan ek graach tank sizze foar alle belangstelling en meilibjen, likegoed yn ’e tiid fan har siikwêzen as nei har ferstjerren.

Nei it ferstjerren fan myn leave man, ús heit en pake …. wie it moai om te fernimmen dat der ek yn drôvige tiden safolle mei ús meilibbe waard. Graach wolle wy jimme dêrfoar hertlik tank sizze. It wie foar ús in grutte treast om te fernimmen dat sa’n soad him as in goed minske kennen leard hawwe en wurdearren. Dat hy sa yn ús oantinken fuortbestean mei.

Spitigernôch is it foar ús ûnmooglik om eltsenien persoanlik te tankjen foar it waarme meilibjen dat wy ûnderfûn hawwe nei it ferstjerren fan myn leave man en ús fleurige heit ….
Dêrom wolle wy op dizze wize witte litte dat jimme oanwêzigens, de blommen, alle leave brieven en kaarten ús tige goeddien hawwe en ta grutte treast binne.

Graach wolle wy jimme tank sizze foar it meilibjen, de blommehulde en de treast dy’t wy ûntfange mochten nei it ferstjerren fan ús leave ….

It docht ús goed om te witten dat …. troch sa’n soad minsken wurdearre waard om wa’t hy wie.

Nei it ferstjerren fan …., myn man en ús heit, op 18 febrewaris 1986, wolle wy elkenien hertlik tankje foar alle reaksjes. De belangstelling wie oerweldigjend en hertferwaarmjend.

It hat ús in hiel soad krêft en treast jûn, dat jimme jim allegear sa belutsen fielden by ús grut ferlies. Dat …. mar lang yn it oantinken fan ús allegearre fierder libje mei.

 

Mei’t it net mooglik is om jimme allegearre persoanlik te betankjen foar de stipe en belangstelling nei it ferstjerren fan ús …. betsjûgje wy jimme hjirmei ús oprjochte tank.

 

 

Yn ’e ôfrûne wiken hawwe wy fernommen dat in protte mei ús meifielden doe’t …. sa hommels ferstoar. Foar alle bliken fan meilibjen wolle wy jimme hertlik tankje.

Foar de wize hoe’t jimme meilibbe hawwe yn de tiid fan syn/har siikwêzen en nei it ferstjerren fan …. sizze wy jimme hertlik tank.

Yntins fertrietlik binne wy no’t út ús fermidden weiskuord is, nei in protte jierren fan lok, myn leave man, myn geweldige libbenskammeraat en ús alderleafste heit