heit&mem

Rougedichten » Rougedichtsjes bern

Wolsto graach in tekst of gedicht op it Frysk nei sjen litte? Mail de tekst yn in wordbestân nei ynfo@heitenmem.nl en wy sjogge it fergees foar jim nei!

Sjoch foar Fryske routeksten en -gedichten it boekje ‘Foar altyd yn ús hert‘.
Sjoch foar houliks- en leafdesgedichten it boekje ‘Leafste leave‘.

 

Hoe fielt it donker,
As ik myn eagen slút?
De kjeld fan de nacht,
Iensum foar it rút. 
In himel fol stjerren,
Sykjend nei dy yn ’e flonker.
Sels mei myn eagen ticht,
Bisto it ljocht yn it donker. 

Karen Postma

Dat flinterke,
Fladderjend om my hinne.
Hat dat der altyd west, 
Of bringt se no in bytsje sinne.

Karen Postma

 

Sa’n soad krûpkes en tútsjes,
Op dyn prachtich noaske en wang.
In koart skoftke mochtsto by ús wêze,
Mar yn ús hert, ús libben lang.

Karen Postma 

Heit en mem wurde,
Sa’n bysûndere gebeurtenis. 
In seldsum yntins gefoel,
De moaiste ferbyntenis. 
Kennis meitsje en krûpe,
In tút as ôfskie. 
Sa pynlik ûnsichtber,
Mar heit en mem foar altyd.

Karen Postma 

Gûlend om it skriemen,
Dat ik nea heare mocht. 
Nim ik dyn pine oer, 
Fiel ik wat ik tocht. 
Myn hertepine,
Dwers troch alles hinne. 
Nettsjinsteande it gemis,
Bin ik nea allinne. 

Karen Postma

Alles is sa wankel,
De takomst is ûnwis.
Gedachten bliuwe malen,
En de emoasje dêr’t ik wekker fan lis.
Lyts, moai famke,
Do bringst safolle teweech.
Myn hert sa fol,
En myn earmen sa leech.
Mei oare eagen 
Sjoch ik nei alles om my hinne. 
En sil ik stapke foar stapke
Myn nije paad berinne. 

Karen Postma

Us leaf famke is der net mear. …. wie yn de bloei fan har libben. 18 jier is sy wurden.

Sa lyts, sa kwetsber, sa fan ús. Net sterk genôch foar in ierdsk bestean. Ut leafde bisto berne en yn leafde hawwe wy dy gean litte moatten. Wy hâlde fan dy.
Heit en mem

Sa sterk en dochs sa brekber, fierste betiid binne wy dy kwytrekke. Wurden sjitte tekoart om ús fertriet te omskriuwen.
Us grutte dream,
sa wolkom,
sa moai,
sa bysûnder,
it hat net sa wêze mocht.
Wy moatte wer fierder,
sûnder ….

Spitigernôch koesto net libje op eigen krêft. Dêrom moasten wy dy gean litte yn dy tsjustere nacht.

Drôvich en fol ûnmacht litte wy jimme witte dat wy him trije dagen nei syn berte al wer misse moatte.

Wy binne hiel grutsk en bliid dat op moandei 1 juny 1998 ús leave, moaie jonkje berne is. Yntins drôvich binne wy dat hy mar sa koart by ús wêze mocht en op tongersdei 4 juny 1998 ferstoarn is.

Nei in muoisume striid, mar mei in protte moed, is út ús fermidden weirekke ús leave ….

Nei in koarte, fûle striid en mei de wil om te libjen, is spitigernôch stoarn ús alderleafste

Do hast libbe, ek al wie it koart… In ûnferjitlik glimke fan in geweldich jong minske…

Hja wie bliid mei lytse dingen en tankber foar it libben. Dêrom sil ús alderleafste …. yn ús tinzen fuortbestean bliuwe. Hja stoar alhiel ûnferwachts op 28 juny 1994 op fjouwerjierrige leeftiid.

It is goed. Wy binne der, gean mar. Haw mar gjin noed, do bliuwst by ús. …. is op 4 novimber 1993 thús stoarn.

In prachtige flinter is op wei nei de boarne. Sneintenacht is stoarn ús leave ….

Mei in protte fertriet dogge wy kundskip fan it ferstjerren fan ús …. Wy ha tsien hearlike jierren mei-inoar hân. Spitigernôch mocht it net sa bliuwe.

Dit ôfskie docht sa sear. Op 21 april 2003 is stoarn ús leave .… Hy is 15 jier wurden.

In heldere stjer op in dizige jûn,
in flinterke op in moaie simmerdei.
Do silst altyd by ús wêze,
wy nimme dy altyd mei ús mei.

As in ballontsje dat dûnset
yn de wolken.
Op wei nei it ljocht
fan de ivichheid.

Ut leafde ûntstien,
mei leafde droegen,
fol leafde ferwachte
en yn leafde litte wy dy wer gean…

Neat yn it libben
sil wer itselde wêze.
Want ús leave…
is der net mear.

Dyn libben einige
dêr’t it hast begûn.
Hiel even mochten wy dy oansjen,
hiel even mochten wy dy fêsthâlde.
En doe…
doe moasten wy dy gean litte.

No’t ik dea bin, gûl mar net.
Ik bin net echt dea, want witst,
ik bin pas net mear yn libben
asto my ferjitten bist.

As in ingeltsje, sa leaf en tear
sa waardsto by ús brocht.
No slachsto dyn wjukken út
en giest werom nei ’t ljocht.

Flip flap flinterke,
dûnset yn ’e loft,
tutet alle blomkes,
rêst dan wer in skoft.

No’tsto heger bist
as de blauwe loften
en no’tsto earne bist
tusken de stjerkes fan goud,
wit dat wy dy nea ferjitte
en dat de wrâld om dy jout.

Gjin wurd omskriuwt ús fertriet,
gjin wurd omskriuwt ús pine.
Leechte, gemis en drôvenis,
hoe sil dat ea ferdwine.

It mocht net sa wêze,
no bist der net mear.
Lyts leaf jonkje/famke,
it docht sa sear.

Suske/broerke fan …
Dochter/soan fan ús,
it hie sa moai west
do by ús thús.

Leaf lyts famke/jonkje
njoggen moanne by mem
Wy koenen net wachtsje
om dy te sjen.

Sweevjend bisto fan wûnder
Ynstoppe yn leafdewol
Mei wite tekkens fan streektrochset lân
Nûnderje wy dy yn ’e sliep

No is ús leave … wei,
de fleur fan ’t húsgesin.
De rouwe dy’t myn hert oerstjalpt
beskriuwt gjin swakke pin.

It wie sa’n fleurich, derten bern,
sa boartlik en sa goed.
O, as ik oan dat jonkje/famke tink,
bin ik sa near te moed.

 

Wy witte net wêrom, myn skat
mar wol datsto in jonkje/famke bist,
mei tsien fingers en tsien teantsjes,
en wy witte hoesto hjitst.

Dy ferlieze, leave skat
wat docht ús dat dochs sear.
Do koest net by ús bliuwe, want
do wiest te lyts, te tear.

Hoe moatte wy no ôfskie nimme
wêrwei helje wy de krêft.
Wat sille wy dy misse, bern
leave … , sliep sêft.

Do wiest as in flinter,
sa kwetsber, sa tear.
Leave …,
do bist der net mear.

Soms falt der
in ingeltsje op ierde,
sa prachtich, sa suver, sa lyts,
soms falt der
in ingeltsje op ierde
wat prachtich dat dit ingeltsje
ús libben sierde.

Hoe kin ik dy ea ferjitte
wêr’t ik ek bin, ik hear dyn stim.
De hiele wrâld dy mei wol witte
dat ik yntins fertrietlik bin.

Njoggen moanne byinoar,
do wiest ús ljocht yn tsjustere dagen.
No is it tsjuster,
dyn ljocht is dôve,
en litte wy dy gean.

Underweis nei moarn
droegen troch de wyn
op lytse teare wjukken
eltse dei in stikje fierder
eltse oere
in stil momint
oant de jûn fallen is
en de moarn
net mear komt…