heit&mem

Goed nijs: mear sûne babys sûnt it rookferbod

Sûnt it rookferbod yn de horeka yn 2008 binne der yn Nederlân minder babys berne mei in te leech gewicht. Ek wurde der minder poppen fierstente betiid berne. Yn 2004 is it rookferbod op de wurkplakken ynfierd mar dat hie minder effekt op de sûnens fan babys, as it rookferbod yn de horeka, sa is ûndersocht.

Ciska Noordmans 31 mei 2016

Nei 12 jier ûndersyk ûnder 2 miljoen swangeren komt de berne-arts fan it Erasmus MC Rotterdam ta de konklúzje dat it tal rokende swangere froulju omleech gongen is, en ek it tal minsken dat thús (mei)rookt.

It rookferbod yn de horeka hat it gedrach fan minsken feroare. De noarmen fan de mienskip binne mei feroare en minsken binne har mear bewust fan de skealike gefolgen foar harsels en foar har leafsten; de partner en de bern.

Dochs docht bliken dat noch striktere rigels, in noch grutter effekt hat. Yn Ingelân is net allinne it tal ekstreem betiid berne berntsjes omleech gongen mar ek it tal berntsjes dat betiid berne wurdt en it tal dat ferstjêrt, gong omleech.

Boarne: Erasmus MC Rotterdam/NOS/Tsjek juny 2016

 

Mear lêze oer in sûne libbensstyl mei lytse popkes?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.