heit&mem

Fryske krystgedichten en -ferskes

Natuurlijk zijn er ook veel mooie Friese kerstliedjes en -gedichtjes. Wij hebben een aantal voor jullie verzameld. Aanvullingen zijn welkom! Mail naar ynfo@heitenmem.nl

Dieuwke van der Meer 4 december 2015

Stille nacht in het Fries

Stille nacht, Hillige nacht,
Stjerreglâns ing’le wacht,
’t Bern dat mannichten silligje sil,
dreamt yn’t krebke en glimket sa stil
rêst yn sillige slom
rêst yn sillige slom.

Helpleas Bern, Hillich Bern
ek foar ús, fier ferlern
kaam it del út Syn hearlik ryk
waard it lyts en oan earmen allyk,
joech ús it libben werom
joech ús it libben werom.

Stille nacht, Hillige nacht,
ierde heil, fred’ en ljacht
bring, mei’t ing’le alleluia
tank en gloardje dy Kening ta
sjong, ferlosten, Syn rom
sjong, ferlosten, Syn rom.

*

De krystbeam

O ljochtsjes fan de krystbeam,
wat skine jimme bliid.
As jûns de kearskes brâne,
dan is’t sa’n moaie tiid.

Ting, ting sizze de beltsjes,
de ballen blinke sa.
Se winskje ús mei de ljochtsjes
in blide krysttiid ta.

Ferske troch G. Vledder út ‘De fersierde krystbeam’

*

Lytse Ljochtsjes

Is de sinne ûnder
dan sitsto sûnder ljocht.
Moast in kearske barne,
hawwe wy betocht.

Al dy flamkes
is it net in pracht
jouwe ús wat waarmte
yn de kâlde nacht.

En de grutte sinne
dy komt wol wer werom,
mar hasto gjin flamke
dan bisto oaljedom.

Ferske troch Hindrik van der Meer út ‘De fersierde krystbeam’

*

Kearske mei dyn waarme snút
as ik blaas, dan giesto út.
Pfff….!

Opsisferske troch Riemkje Hoogland út ‘De fersierde krystbeam’

*

Ien sa goed

Kears, sa wyt en moai
do moatst foar ús sjonge.
Wy tinke oan Ien yn doeken toaid,
in leave, lytse jonge.

Kears, sa wyt en moai,
do moatst foar ús baarne.
Wy tinke oan Ien, dy’t Jezus hyt,
en bidde ta Him, Amen.

Moaie wite kears,
jim wachtsje alle trije.
Wy tinke oan Ien, dy mei as Hear
en Berntsje ús befrije.

Kearsen ljochtsje hjoed,
’t tsjuster wurdt ferjage.
Wy tinke oan Ien sa gol en goed,
Hy die wat God sa hage.

Gedicht troch Jan Dotinga út ‘De fersierde krystbeam’

*

Wy binn’ de ljochtsjes fan de kryst.
Sjoch ris hoe ’n soad der binne.
De flamkes dûnsje op en del,
it feest kin no begjinne.

Wy binn’ de ljochtsjes fan de kryst
en kinne elk wat skinke.
Wy wolle skine yn ’e wrâld
en ek om oaren tinke.

Wy binn’ de ljochtsjes fan de kryst.
Wy bringe goede winsken:
dat alle bern te iten ha
en frede foar de minsken.

Wy binn’ de ljochtsjes fan de kryst,
wy wolle herder skine
en troch ús kearskes waarm en rea
sil no de nacht ferdwine.

Wy binn’ de ljochtsjes fan de kryst.
Wy flonkerje fan wille.
Wy hoopje dat ek yn ús hert
de ljochtsjes skine sille.

Gedicht troch Jelle Bangma út ‘De fersierde krystbeam’

*

Krystbeammen… moaie krystbeammen!
‘k Ha se by de rûs!
Krystbeammen… moaie krystbeammen!
Nim ien mei nei hûs!

Kearskes… moaie kearskes!
‘k Ha se read en grien!
Kearskes… moaie kearskes!
Yn elk doaske tsien!

Opsisferske troch Riemkje Hoogland út ‘De fersierde krystbeam’

*

In lyts flame (bewegingsferske)

Ik bin in hiel lyts flamke (bern meitsje harsels hiel lyts)
Ik dûnje yn ’e wyn. (twa by twa fêstpakke en dûnsje)
Ik meitsje lytse ljochtsjes (fingers boppe de holle bewege)
Toe lit my gau deryn (ien bern makket fan ’e earms en hannen in sirkel foar de búk. In oar bern krûpt deryn)

Opsisferske troch Riemkje Hoogland út ‘De fersierde krystbeam’

*

as it omtrint kryst is
is der mar ien plak op ’e wrâld
dêr’t ik it alderleafste bin
dan wol ik graach thús wêze
dêr’t ik alle lûden en luchten
sa goed ken
dêr’t alles as fan âlds is
dêr’t alles sa fertroud is
by ús krystbeam thús.

Troch Geke Bosma. Frij oerset fan ‘Thuis met kerstmis’ út Kerst met Linus.  

*

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!