heit&mem

Wat gjinien dy fertelt oer de kreamtiid (en watsto wol graach witte wollen hiest)

Idske: ‘Ik haw my as perfeksjonista goed taret, dêr lei it net oan. Gjin swangerskipskursus of pufklup wie my te mâl, fan borstfoedingskursus oant swangerskipsyoga en fan bekkenoefeningen oant ynformaasjejûnen oer weeën en de befalling. Alle tydskriften, de gratis swangerskipsdoazen en de populêre boeken oer ‘bevallen en het ouderschap’ haw ik stikken lêzen. En ek yn myn stúdzje en yn myn wurk binne saken as bern, opfieding en ûntwikkelingsfazen gjin ûnbekende, mar dochs binne der in tal dingen dy’t ik net fan tefoaren wist. Wêrom hawwe freondinnen of skoansussen my dat net ferteld? Woe ik net lústerje of haw ik it wol lêzen, mar net opslein? Om’t ik gewoan op de rôze wolk sitte woe?’

Idske Bangma 13 januari 2018

In Grutte Rôze Wolk. Teminsten ast de ferhalen hearst wannear’tst op kreambesite komst. Marruh… de earste wiken binne topsport! Is it ôfsjen. Hjir dogge wy in boekje iepen.

Bloedferlies
Hasto al dy grutte kreamferbannen en ekstra grutte ‘inlegkruisjes’ ek besjoen doe’tst noch swanger wiest? Ja? En ek fuort de doaze wer tichtgoaid? Se binne wol nedich, dus sa’n kreampakket is net oerdreaun.

Switte
Genôch skjinne nachthimden op foarrie? Helje mar fêst in pear ekstra út ’e winkel. Nei de befalling ha guon froulju nachts behoarlik lêst fan switten. Dat heart by it proses om de hormoanhúshâlding fan it lichem wer op peil te krijen.

Soargen
Fielst in net te beskriuwen grutte leafde? En in dito ferantwurdlikheidsgefoel? Wen der mar oan… it giet noait wer fuort – mar der is hiel goed mei te libjen.

Boarstfieding
Njonken alle foardielen is boarstfieding ek bikkeljen en komt it op trochsettingsfermogen oan. Sels earst plasse en goed sitten gean, dan pas begjinne te foeden, oars sjit de kramp dy yn it liif en is it dreech om geduldich te bliuwen. Eefkes sûnder prikkels (tv eefkes út?) drinke litte is foar jim beiden fijn!

Spugen
It ‘mondje terug’, it útspuien fan molke, heart derby. Dy molkeplakken yn ’e klean binne net allinne ferfelend, mar rûke ek noch soer. Hupsakee… mar wer in skjinne outfit út ’e kast.

Hastich
Eefkes fluch wat dwaan is passé, no komt it oan op Time Management (mei haadletters). Bist al gau dûbeld safolle tiid kwyt as foarhinne. De earste kear nei ’t konsultaasjeburo? Pffft, wat in stress! 

Bh
Oerdei en jûns in bh oan mei sûchkompressen is fanwege de lekkende boarsten best wol handich. Soms begjint de molke spontaan te streamen as de poppe gûlt. Wat in wiete kledder! Kinst weismytkompressen keapje, mar tsjintwurdich binne der ek hiele leuke kompressen dy’tst waskje kinst.

Ferjitachtichheid
Yn de swangerskip wurdt progesteron oanmakke en dat is de oarsaak fan de ferjitachtichheid. Mar nei de befalling giet dat net dalik wer fuort. Do stiest ommers noch stiif fan de hormoanen en dyn lichem en dyn brein hawwe tiid nedich om te herstellen. Ek sliepgebrek kin in negatyf effekt ha op dyn geheugen, en watfoar âlder hat dêr no net lêst fan? Mar yn it earste jier komt it fansels wer goed, gelokkich.

Sels op it 2e plak
Dyn lytse poppe is fan de dei ôf dat er op ’e wrâld komt, numero uno. De kofje dy’tst ynskonken hast, is lij foardatst it witst. Sosjale kontakten stean (eefkes) op in leech pitsje. Pake en beppe drave ôf en oan (‘Dêr binne wy wer!’), ferjitte dy te begroetsjen en hawwe allinne each foar it nije wrâldwûnderke.

Wurch
It berntsje moat noch wenne oan jim dei- en nachtritme. De measte lytse poppen sliepe net fuort de hiele nacht troch. Dat moat wenne, om it marris sacht út te drukken. It kin slopend wêze. En ast wurch biste hast wat minder geduld, en ast hastich biste… Fielst ’m oankommen? Besykje tagelyk mei de poppe ek eefkes te sliepen. It kin no noch!

Ut: De Lytse Heit & Mem 2015 nr. 2
Troch: Idske Bangma

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.