heit&mem

Jip en Janneke yn it Frysk!

Jip en Janneke yn it Frysk!

Yn 2017 is it 65 jier lyn dat it earste ferhaal oer Jip en Janneke yn Het Parool stie. En sûnt 2017 is Jip en Janneke der ek yn it Frysk. Hoera!

Dieuwke van der Meer 15 augustus 2017

Ast noch net sa dwaande bist mei it foarlêzen yn it Frysk dan is de Jip en Janneke yn it Frysk in moai boek om mei te begjinnen. Oer elk ûnderwerp stiet der wol in koart ferhaaltsje yn en it lêst moai flot foar. Dêrneist is it in prachtich kreamkado!

Op dizze side van Querido kinderboeken kinst Nederlânske temaboeken besjen en lessuggestjes, in kleurplaat en in poster downloade. De lessuggestjes binne leuk om te dwaan by de ferhaaltsjes fan Jip en Janneke. Sawol op skoalle, mar ek thús. En it aardige is datst se ek yn it Frysk brûke kinst by Jip en Janneke yn it Frysk. In idee is bygelyks om de suggestjes earst yn it Nederlânsk te dwaan by de Nederlânske ferhalen en dan in oare kear yn it Frysk by de Fryske ferhalen.

 

De Fryske Jip en Janneke is hjir foar € 26,50 online te bestellen.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.