heit&mem

Ik wol mem wat litte sjen!

Dieuwke van der Meer 21 april 2017

It is sneintemoarn, kofjetiid, as Maaike (4) ropt: ‘Mem, wol mem even komme? Ik wol mem wat litte sjen!’ ‘SJEN LITTE!” roppe dêrnei myn man en ik yn koar. Ik moat laitsje, want ynienen betink ik my dat it by ús earder thús ek sa gong. Wy draaiden de tiidwurden ek gauris om en ús heit en mem dienen oars net as ús ferbetterje.

En ik moat sizze dat it blykber al fertuten dien hat, want ik doch it no (hast) altyd goed. Ok, miskien helpt it ek wol in bytsje mei dat ik alle dagen mei de Fryske taal wurkje by de Afûk. 

It wichtigste tiidwurd earst

Sa no en dan ha wy ek stazjêres en dy rinne tsjin it selde probleem oan. Alhoewol, foar harren is it gjin probleem, mar ik meitsje der in probleem fan. Ik hingje listkes op mei tiidwurden yn de goede folchoarder en besykje harren dúdlik te meitsjen dat yn it Frysk altyd it wichtichste tiidwurd earst komt. En at de stazjêre dan ris wat tsjin my sizze wol, sjoch ik him of har altyd betinklik sjen, haperjend praten en somtiden spike se efkes nei it oersjoch mei tiidwurden dat ik boppe syn of har buro ophongen ha. Earme stazjêres.

In bysûnder trúkje

Yn alle gefallen, ik rin mei Maaike mei, want se woe my wat sjen litte. Dat komt sa’n 10 kear deis foar, dat ik wat sjen moat. Meastal is it wat dat se nifele of kleure hat, of is it in hiel bysûnder trúkje, in spesjale draai op har tiennen of sa. Mar no wol se my wat oars sjen litte. Se hat de nije puzel, dy’t se krekt fan har nichtsje krigen hat, hielendal sels ynelkoar set. ‘Wau, knap hear!’ sis ik. Maaike fladdert bliid en ropt: ‘Ik wol it ek even oan heit litte sjen!’ 

Ik suchtsje djip. Bliuw ik de striid oangean? Of moat ik akseptearje dat taal no ienkear mei de tiid feroaret? Lestich. Ik sil der noch efkes in nachtsje oer sliepe.

Dieuwke (35 jier, mem fan Maaike (4))

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.