heit&mem

Printeboek ‘De kleine walvis’ ek yn it Frysk foarlêze

Fan 25 jannewaris o/m 4 febrewaris binne it wer de Nationale Voorleesdagen. Dy dagen ha as doel om it foarlêzen oan bern dy’t sels noch net lêze kinne te befoarderjen. Foarlêzen stimulearret de (taal)ûntwikkeling fan bern en it prikkelet de fantasy. En it is ek noch ris hiel goed foar de bân mei de bern.

Carolien ter Schuur 12 januari 2017

It printeboek fan it jier is dit jier ‘De kleine walvis’ fan Benji Davies. It giet oer it jonkje Boy, dy’t him allinne fielt en in bysûnder freontsje fynt op it strân. Dit printeboek is net yn it Frysk ferskynd, mar we hawwe wol in Fryske oersetting fan it printeboek, sadat dit prachtige printeboek ek yn it Frysk foarlêzen wurde kin. Klik op it plaatsje om de Fryske oersetting fan ‘De kleine walvis’ te downloaden.

Bewaren

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.