heit&mem

In frou fan dizze tiid

Nina is troud mei Sjoerd en mem fan en Saske (6) en Jeppe (4). Se haldt fan har gesin, har wurk, in opromme hús en lekker winkelje, mar er is altyd wol iets wat ‘r by yn sjit.

x 12 december 2016

In myn foarige libben kocht ik yn december in nij lakje en paste de kleur fan myn neilen leuk by myn krystoutfit. Dat rêd ik net mear op. 

Net earder ha myn hânnen safolle yn badwetter sitten en net earder ha ik sa faak iets ôfnommen mei in doekje. Net dat ik de boel sa skjin hâld, mar mei lytse bern is ‘r altyd wol iets dat plakt, as smoarch is. En die nagellak, dêr begin ik net ienen mear oan. Ik haw d’r op de ien oft oare manier gjin tiid foar & it bliuwt toch net moai.

Mar it moat oars. De ôfrûne moannen hat eltsenien om my hinne moaie neilen en de nailstudio’s ploppe oeral op. Koartknipte, keale frouljeneilen hearre net by dizze tyd. Ik bin d’r wol oer út. Nog efkes en neilen sûnder lak binne as okselhier, as crocs mei wite sportsokken, as iets wat gjin ien fan je sjen mei.

Dus fan 1 jannewaris ôf moat ik 10 minuutsjes earder fan bêd. Eltse dei neilen fersoargjen, dát wurdt myn foarnimmen. Hoe blokkeer ik de snooze op myn wekker? 

Troch: Nina Meindertsma

Boeketip: Nail Art

92000000171329582

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!