heit&mem

Mem set har bril ôf en Marije (2,5) seit: ‘Oh, mem hat de eachjes út.’ 

Britt (6) leit op in jûn even mei har holle op mem har búk. Dan seit se: ‘Mem har búk liket wol in wetterbêd.’

Mats (3) wol mem wat yn it ear flústerje en freget: ‘Mem, mei ik wat tsjin dyn wang sizze?’

Toen ik zwanger was van de tweede, sprong mijn neefje boven op me, waarop onze dochter riep: ‘Tink derom, sa komme der krassen op ‘e baby!’ 

Jouke (3) is kreatyf mei wurden. ‘Mama, moet daar ook een stuursticker op?’ (postsegel)

Bram (7): ‘Ik wit wa’t de earste minsk op de ierde wie… Sinteklaas! Want dy is hiel âld!’

Beppe Sjoukje is mei de beppesizzers by de slachter. De slachter seit: ‘Dag mevrouw’, wêrop’t Nikki seit: ‘Dat is niet mevrouw, dat is beppe!’ 

Patrick (6) bestudearret oandachtich de 12 wiken echofoto fan syn tante en seit dan: ‘Ik sjoch it al. It wurdt in jonkje, want de baby hat gjin hier!’ 

Timo (4) merkt op: ‘Toen Emie (syn nichtsje fan 4) en ik baby’s waren, hadden we net zulk haar als pake!’ 

Hester (2) sjocht fol oandacht nei har mem dy’t har oan it opmeitsjen is. Dat liket Hester ek wol wat en se seit: ‘Mem, mei ik ek Pipo wêze?’ 

Remco (2) sjocht it bûten reinen: ‘Och mem, de wolkjes gûle!’ 

Brecht (4) hat de sloppe lach: ‘Mem, ik ha lol yn myn kiel!’ 

Doe’t wy op de buorkerij oankamen, rûkte ús dochter fan 2 de kij al en sei: ‘Oh mem, ik ha in ko yn ’e noas!’

Anne (7): ‘Ik zat eerst in mem haar buik.’ Sam (4): ‘Daarna ik.’ Lotte (3) kijkt verbaasd en zegt: ‘Maar ik heb jullie daar helemaal niet gezien!’ 

Rick (5) hat gjin nocht om nei skoalle. Mar dêr wit er wol wat op. ‘Mem, ik ha sa’n pineholle! Mar gelokkich fiel ik der neat fan.’

Simmer Mare (5) sjocht omheech nei de parrebeam, hat sin oan wat en freget: “Hé mem, is dy par al gear?”

Kim (3) sjocht hoe’t de boer de skiepkes skeart en ropt: ‘Sjoch mem, de skiepkes wurde skyld!’ 

Dieke hat in plakje op ’e tean en se raast it út. Nei in hiel skoft treasten seit heit: ‘Dieke, no is it klear, net sa oanstelle.’ Dieke: ‘Ik stel my net oan, it docht sa sear! It docht sa sear as oftst yn dyn bleatsje sûnder klean yn de lava swimst!’

Fenna vertelt beppe dat ze andere talen op school heeft geleerd. Namelijk Engels: ‘Hello en goodbye!’ En ze heeft ook Duits geleerd: ‘Auf wiedersehen’. Fenna: ‘En we hadden ook iets van ooievaar.’ ‘Uh, ooievaar?’, dat begrijpt beppe niet. ‘Ja,’ zo legt Fenna uit, ‘dat hoorde geloof ik bij bonjour.’

Myn soan frege oan beppe wat dy twa krûpelhintsjes dienen, want se sieten oplekoar. Beppe fertelde dat se krûpten en fereale wiene en sa ek berntsjes krigen. Hy hie it hielendal begrepen. Op skoalle fertelde er fuort oan elkenien:’Us heit hat op ús mem sitten en no sit der in lytse poppe yn mem har búk!’

Mem komt earder thús fan it wurk, want de kolf wie stikken gien. Femke (3): ‘Hee mem! Koe mem it wurk net fine?’

Mijn oudste dochter (toen 4) zei op een vol schoolplein, midden tussen een groepje moeders: ‘Weet je, mijn mama doucht nooit!’ Ik, alleenstaande moeder van twee dochters van 2 en 4, douchte altijd als de meisjes sliepen, dus dat zagen ze nooit!

Marte (4) blêdet troch de heit&mem. Marte sjocht nei de letters en lêst: ‘Mem’. Se freget wat der noch mear stiet. Mem seit: ‘Heit’. Marte lêst lûdop: ‘Heit en mem.’ Efkes is it stil en dan freget Marte: ‘Mar mem, wêrom stean jim yn dit boekje?’

Thieme (2) sjocht in foto wêrop’t mem in hiele dikke búk hie. Mem fertelt him dat hy dêr by mem yn de búk siet. Wêrop’t Thieme seit: ‘Mem hie Thieme opiten!’

‘Wolst dat ferske nochris foar beppe sjonge?’ freget beppe. ‘Nee,’ seit Norah, ‘myn tosken binne wurch.’

Jens (3): ‘Ik wol jûn sa graach pantoffeltsjes ite, heit!’ (pofferkes)

‘En nu ophouden, want ik kook van binnen!’, zegt mem tegen Brend (8) en Redmer (6) die een beetje vervelend zijn. Waarop Brend antwoordt: ‘Ik ben benieuwd wat er op het menu staat!’

Marianne (5) wol nei it middeisskoft net wer nei skoalle. Se skriemt en is boas. Mem freget wat der oan ’e hân is. ‘No, juf sei dat ik myn hantsjes thúshâlde moast en ik wol se net misse!’

Eelkje (3) sjocht heit syn boarsthier: ‘Heit hat gers op ’e búk!’

Remco (2) sjocht it bûten reinen: ‘Och mem, de wolkjes gûle!’

 

Laad mear