heit&mem

Lit bern bûten op ûntdekking gean

Froukje Sijtsma 28 juli 2017

Lekker boartsje yn ’e modder, drave oer paadsjes fan houtsnippers of dy ferstopje yn tunnels. It is hartstikke goed foar bern om bûten te boartsjen. Yn de bûtenloft wêze en bewege is net allinnich sûn foar bern, it is ek hiel belangryk foar harren ûntwikkeling.

Learomjouwing
‘Kinderen pikken buiten dingen op die ze achter de televisie of op hun tablet niet zo snel kunnen leren’, fertelt Ineke Oenema, lektor Early Childhood oan hegeskoalle Stenden yn Ljouwert.

Buiten is een hele rijke leeromgeving waar kinderen de natuur beleven, nieuwe materialen ontdekken, maar ook hun eigen grenzen kunnen leren kennen.

Sa leare bern mei fuotbaljen ôfstannen yn te skatten, glydzje se út op wiet gers of ûntdekke se har eigen skaad at se boartsje yn ’e sinne.

Buiten is een hele rijke leeromgeving waar kinderen de natuur beleven

MotorykCropped shot of the legs of a row of children standing on a rustic wooden fence in a green and grassy park on a summer day
Oenema is derfan oertsjûge dat bern eins hielendal net makke binne om stil te sitten. ‘Ze moeten hun energie kwijt. Door goed te bewegen ontwikkelen ze hun grove en fijne motoriek. Buiten mogen ze lekker schreeuwen en gek doen. In de praktijk blijkt dat kinderen met gedragsproblemen vaak ook veel beter functioneren als ze regelmatig naar buiten kunnen.’ 

Neffens Jan Bosscha, direkteur fan de griene basisskoalle De Wielen yn Ljouwert, jildt dat ek foar bern op skoalle. ‘Het Nederlandse onderwijs is heel erg gericht op het overdragen van kennis in de klas. Je ziet gelukkig dat scholen zich er tegenwoordig steeds bewuster van worden dat kennisoverdracht buiten het schoolgebouw ook heel belangrijk is.’

Kreativiteit
By bûten boartsjen wurde bern útdage om harren kreativiteit te brûken. ‘Ze mogen dingen op hun eigen manier ontdekken en oplossen.’ Bygelyks de bern dy’t de opdracht krije om fan hout in boat te meitsjen. ‘Het ene kind stapelt de houtstukken allemaal op elkaar, terwijl het andere kind de blokken hout dwars op elkaar legt en zo een drijvend bootje maakt.’

Door ze zelf met materialen te laten knutselen, komen ze uiteindelijk met hele creatieve oplossingen.

En dêrby meie je bêst smoarch wurde of fouten meitsje, fynt Bosscha. Trije jier lyn binne de grize tegels op syn skoalplein foar it grutste part ferfongen troch gers, beammen, blommen, paadsjes en in grientetún. ‘Het is prachtig om kinderen in de natuur dingen te laten ontdekken. Je ziet dat kleuters zich in onze schooltuin vermaken als ze wormen of torretjes in de modder zien lopen. En het is echt niet erg als ze een beetje vies worden.’ Yn de skoaltún is ek in wetterplaske mei stiennen deromhinne. ‘Laat ze maar balanceren op die stenen en hun route over het water uitstippelen. Natuurlijk heb je dan de kans dat je een natte sok oploopt, maar dat hoort er allemaal bij.’ 

Grinzen ferlizze
Alders binne fansels wolris bang dat har bern bûten wat oerkomt. Oenema seit dat it dêrom belangryk is om dyn bern in feilich gefoel te jaan. ‘Als je kind weet dat je er voor hem bent, durft hij zijn grenzen te verleggen.’ Bosscha follet oan: ‘Natuurlijk is er buiten gevaar, maar kinderen leren juist door vallen en weer opstaan. Een schommel of glijbaan lijkt in het begin misschien eng, maar door te proberen leren kinderen hun grenzen opzoeken en afbakenen.’  

kid playing hopscotch on playground outdoors, children outdoor activities

Uteinlik fiele bern har grutsk at it har dochs slagget om allinnich fan dy glydsbaan ôf te gean. ‘Die persoonlijke ontwikkeling is ook op andere fronten weer belangrijk voor hun toekomst’, leit Oenema út. ‘Zo leren ze om signalen op te pakken, verbindingen te maken en uiteindelijk om een zelfstandig mens te worden.’

Sels ûndersykje
Bern kinne fansels in hiel soad út boekjes leare, mar at je it har sels ûndersykje litte, begripe se it faak better, leit Bosscha út. Basisskoalle De Wielen leit yn in griene, parkeftige omjouwing yn Camminghabuorren en dêr makket de skoalle tankber gebrûk fan.

Three kids aged 5 and 8 examining a roman snail in the grass.Yn de skoaltún sjogge de bern bygelyks hoe’t de natuer groeit en bloeit.

‘Leerlingen hebben hier zelf zaadjes in de grond gestopt en helpen met het verzorgen van de tuin. En nu zien ze hoe daar aardappelen, boontjes en zonnebloemen uit groeien. Kinderen worden zo heel bewust van hun omgeving’, seit Bosscha.

‘Kinderen leren zo ook processen te begrijpen’, follet Oenema oan. ‘Ze snappen dan ook wat het verhaal achter de bloemkool in de supermarkt is, die komt ook ergens vandaan. Door die kennisoverdracht uit de natuur worden kinderen zorgzamer voor hun omgeving.’

Skoaltún
Fansels moat dy griene skoaltún ek ûnderhâlden wurde. De learlingen fan De Wielen spylje dêr in belangrike rol yn. ‘Ieder kind heeft zo nu en dan corveedienst in de tuin. Ze moeten bijvoorbeeld onkruid wieden. Misschien niet het meest leuke klusje, maar het geeft kinderen wel een verantwoordelijkheidsgevoel’, mient Bosscha. 

Hands holding sapling in soil surface with green grass background.

Los fan alle foardielen foar de ûntwikkeling fan de bern is it ek gewoan hiel noflik om bûten te wêzen. ‘Als wij op vakantie gaan kiezen we toch ook een mooie omgeving uit. Je kind speelt ook liever onder een boom, tussen mooie bloemen, dan op een leeg en grijs schoolplein.’

Froukje Sijtsma

Nr. 2 2016: 23 septimber 2016

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!