heit&mem

Laitsje, gûle en boas wêze yn ’e klasse

Ciska Noordmans 8 september 2017

Gefoel fertaalt spanningen

Gefoel fan blydskip, fertriet, eangst en boas wêzen binne in útlitklep foar de spanningen fan bern. As der op skoalle of by de opfang romte is foar emoasjes, wurdt dat  in feilich nêst; in plak dêr’t bern harsels wêze kinne. De iene kear in bytsje boas en ûnhandich, De oare kear sa bliid en útlitten dat elkenien slop is fan ’t laitsjen en de dei net mear stikken kin. Bern dy’t har gefoel sjen litte,  groeie op ta assertive folwoeksenen mei in goed selsbyld en in protte selsbetrouwen.

Grutbringe is mei syn allen laitsje, gûle, prate, ite en boartsje. Ek asto profesjoneel mei bern wurkest

Respekt foar gefoel

Sarah en Vera binne beide mem mar wurkje beide ek profesjoneel mei bern. Sarah as ûnderwizeres op de basisskoalle. Sarah: ‘Foar my begjint it by it respekt foar it gefoel by bern. Ik lied bern net ôf fan har gefoel mar ik nim de tiid om derop yn te gean. As in bern syn mem mist nei ’t útswaaien, dan praat ik deroer. “Tinksto oan mem? Wat soe sy no dwaan? Sille wy aanst dyn tekening oan har sjen litte?” It bern fielt dan dat sy mei mem dwaande wêze mei. Dat jout betrouwen en rêst.’

Underskied tusken gefoel en gedrach

Vera wurket yn de berne-opfang. Vera: ‘Ik meitsje altyd ûnderskied tusken gefoel en gedrach. In bern mei boas wêze en stampfuotsje, op in kessen slaan mar in oar bern sear dwaan mei absolút net.

Nei skoaltiid fong ik in skoft in jonge nei skoaltiid op, dy’t him faak net sa goed fielde yn it spul mei oare bern. Op in dei naam ik him mei nei in rêstich plakje yn ‘e tún en sei tsjin him dat hy bêst wol eefkes gûle mocht. Ik liet him allinne en hold him yn ’e gaten út it rút wei. Ik seach him hiel hurd skriemen, in hiel skoft lang. Dêrnei suchte hy djip, fage syn triennen fuort en kaam by my werom. “It is oer”, sei hy, “no kin ik wer boartsje”. Sûnt dy tiid frege hy út en troch oft er nochris yn ’e tún gûle mocht.’

Bern dy’t gefoel uterje groeie op ta assertive folwoeksenen mei in goed selsbyld en selsbetrouwen

En yn de praktyk?

Doe’t de bern lytser wiene en ik as mem noch ûnderfining opbouwe moast, fielde ik mysels wolris ûnhandich yn dizze situaasjes. Soms die ik myn bêst om bern krekt wol ôf te lieden. Wolst dyn bern dochs it leafst gelokkich sjen?! Soks giet dan eefkes goed. Geandewei  fernaam ik dat it fertriet dan as in boemerang letter werom komt. It fertriet beneame helpt al. Tegearre der wurden foar sykje ek. Soms is dat slim/(moeilijk) omdat lytse bern ek noch net krekt witte hokker wurden derby har gefoel heart.

Meastentiids socht ik dan tegearre mei ús soan of dochter in printeboek út de kast en krûpten wy inoar ris lekker oan. En, raar of net, ‘t waard altyd in printeboek dat tichtby de emoasje kaam dêr’t sy mei omwrakselen.

 

Ciska Noordmans
Boarne: Kiddo, nr 2 2017

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

‘Sjoch mem! Dat binne in protte buorden!’ seit Freark Jelle (4) at se lâns in begraafplak ride.

It ferske ‘Slaap kindje slaap’ kinne wy allegear. Mar hoe giet dat ferske no ek al wer yn it Frysk? Wy ha it foar jimme hjir delset!

lês mear