heit&mem

Om beurten

Om beurten

Joke Corporaal 27 februari 2016

Begjin fan de middei wie eltsenien wer nei hûs, lei J. op bêd en hongen wy yn de reek fan pannekoeken ûnderút op de bank. Fjouwer famkes fan trije/fjouwer jier, in hiel soad ballonnen en in lege keamer hie it resept west foar ‘trouble’. Se stuiteren de measte tiid hyper troch de keamer, inoar tikkend mei de ballonnen. De kookwekker dy’t we ferstoppe soene, wie al hiel gau stikken en J. woe by de oare spultsjes ek net op har beurt wachtsje. As treast hearde ik har freondinnen by it fuortgean wol tsjin inoar sizzen: ‘This was a great party!’

De berneopfang stjoert ús twa kear per jier in rapport mei observaasjes en ‘leardoelen’. De lêste kear stie der op dat J. it lêstich fynt om op har beurt te wachtsjen. Nei it feestje begriep ik wat se bedoelden. Dus liende ik ‘Max and Millie take turns’ fan de bibleteek en lette ik wat better op.

En doe kaam beppe del mei in pjutten Kikkert-kwartet. Nederlânsker manier om ‘om beurten’ te oefenjen is der net. Wy spilen in ymprovisearre ferzje mei kaarten iepen op tafel, en it gie bêst. ‘Let’s play it again!’ sei J. oan it ein fan elk potsje. Nei in skofke naam dad it oer, mar rillegau wiene se útspile om’t J. net it ljochtblauwe kwartet fan Guos krige dat se ha woe. ‘I’ve had enough of playing this game. I want to play on my own a bit now.’

Doe’t ik jûns it kwartet opburch, misten der kaartsjes. Mei har eagen op de televyzje sei J.: ‘Don’t worry mem, they must be somewhere.’ Sa krije jo jo eigen wiisheid werom. De oare moarns skimere it my dat se mei in geheimsinnich gesicht myn studearkeamer ynkaam doe’t ik oan it fioelspyljen wie. En ja hear, yn myn boekenkast leine de ljochtblauwe kaarten mei Guos.

 

Joke Corporaal is mem en wennet mei har gesin yn in lyts doarp yn Oxfordshire. Se is gastblogger fan heit&mem.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!