Wierheid
Dochs yntrigearre de kop my, it wie noch mar in pear dagen lyn dat iksels in hurde wierheid fertelle moast oan ús bern. Of eins moast dat net perfoarst, mar ik hâld der fan en sis wêr’t it op stiet.
De wierheid dy’t ús bern te hearren krige wie net moai. Dit gie net oer it ferstjerren fan pakes en beppes fan 97 jier mar krekt oer jonge minsken, like âld as mysels.
It gie oer deagean, mar ek oer libjen bliuwe, mei tûkelteammen.
It gie oer orgaandonaasje en hoe oars at it libben dan wurdt. Better of slimmer, wa sil it sizze? Myn wierheid wie faaks wat te hurd of te swart-wyt want ús soan (7) sei; ,,No mem, at ik dat hie dan woe ik wol dea.”
Sa mâl woe ik it no ek wer net stelle, mar de earnst fan it boadskip kaam wol oer.
Wannear kinst in wierheid fertelle, hoe âld moatte dyn bern dan wêze? Nim it nijs oer de oanhâldende stream flechtlingen, al krije se it measte dêrfan lokkigernôch net mei. Us mem sei eartiids al; ,,Moast mar sa tinke, wat soedesto wolle, ast flechtsje moastest?” Om dêrmei te sizzen dat je sels ek holpen wurde wolle as it nedich is. Dat is my altyd bybleaun, ûnbedoeld faaks, in wize les. Sels bin ik fan fan it jeugdjournaal, sy lizze sokke problematyk altyd kreas út; in hâldfêst foar âlders foar it útlizzen en bepraten fan wrâldnijs. Ik fyn it somtiden ek in oanrider foar grutte minsken, dat bernesjoernaal.
Mar hoe witst no of jim eigen bern sa’n boadskip oan kin? Dat se dêr net wekker fan lizze of eng oer dreame? Of miskien in te negatyf byld fan de wrâld krije?
Fansels ken ik myn bern, lykas dy, as de bêste. En oarsom ek. Dochs kin it helpe om online of yn it echte libben wat help te freegjen of tips te sykjen.
Bygelyks, it foar de hân lizzende ‘Kom ris by my sitten, mem wol dy wat stoms fertelle’ wurdt online troch profesjonals net oanret om te brûken (dat doch ik dan dochs mar goed). Mei sa’n fraze skine bern net mear te harkjen en geane harren tinzen in eigen wei. Se sizze dat it better is koart en helder de sitewaasje út te lizzen ‘Leave, beppe is siik. De dokter seit dat se net mear better wurde kin’.
Ek earlik wêze en ynformaasje jaan dy’t brûkt wurde kin om dy te begripen, wurdt as tip jûn. En stek net fuort fan wâl mei it komplete ferhaal, mar jou it bern de rûmte om fragen te stellen en te reagearjen.
Se sizze dat je bern net ôf hoege te skermjen foar fertriet. Min nijs hoecht net ferswijt te wurden. Jou se praktyske ynformaasje; wat giet der no gebeuren, wat feroaret der en wat net? Lit witte dat der oer praat wurde mei, dat der fragen steld wurde meie.
Nei oanlieding fan dizze tips bin ik der net wis fan at ús soan it boadskip goed meikrigen hat…
Ik moat der leau’k noch marris oer begjinne. Ris hearre at er noch fragen hat.
Hoe die ús mem dat ek alwer?
Janneke de Boer

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: