heit&mem

Blau (kollum troch Sjoukje de Boer)

x 26 februari 2021

Ik doch de doar iepen en sjoch yn deselde blauwe eagen. De herkenning docht my fersjitten, mar makket my ek waarm tagelyk. Hy hat deselde donkerbrune jas oan as doe’t wy elkoar foar it lêst seagen, sa’n twa jier werom. Wy dielden deselde stêd, deselde kroechjes en in freonskip. Ik doch in stap nei achteren, sadat er deryn komme kin. We krûpe mekoar oan. Ik hâld him beet. In brede rêch. Hy is lang. Langer as dat ik my herinnerje kin.

We geane sitten oan de tafel. Teije sliept noch en we kletse by. We ha elkoar sa lang net sjoen. Der is safolle om oer te praten. Ik bin mem wurden en hy ergens heit. Earder skreau hy ús in kaart en sette dêr de earste letter fan syn namme ûnder. Hoe at ik him neam, freget hy. Ik neam dy by dyn namme, sis ik, en ik fertel Teije dan datsto syn heit bist. Want ‘donor’ klinkt sa kâld, sis ik, fyn ik. Dêr ha we it noait oer hân, betink ik my. Letter sil ik Teije útlizze wat in donorheit is.

Ik ha yn de ôfrûne wiken in sjaal makke. In sjaal fan Teije syn earste babyklean. Syn earste truike, in romper, in pyama, in boxpakje. Ik ha der in kaart by skreaun en it leit op tafel tusken ús yn. Ik sko it nei him ta. ‘Foar dy’, sis ik. Hy lêst de kaart en slacht de sjaal om. De klean dêr’t Teije de earste tiid yn groeie mocht, hingje no om him hinne. Se holden Teije waarm al dy tiid en meie dat no by him dwaan. Hy is der wiis mei. Grutsk draait er in rûntsje om syn eigen as mei de sjaal om de skouders slein.

Teije is wekker en ik rin nei boppen. Hy jengelt, wat oergiet yn gûlen. Ik rin nei ûnderen mei Teije op ’e earm. Dat it spannend is, fielt elkenien, allinne Teije jout dêr utering oan. It iis brekt langsum. We bouwe tuorkes fan blokjes, Teije dekt de tafel opnij en opnij mei syn eigen servys, hy dielt de kopkes út en fuorret ús mei hapkes ûnsichtbere fla. Hy laket, slacht mei syn hantsjes. Rint nei him ta, mar dan toch wer nei my. We kuierje troch de wyk. We litte sjen wêr’t wy no wenje en wêr’t ús libben him ôfspilet. En dan is de tiid alwer foarby.

We sette him op de trein. Foar it poartsje krûpe wy mekoar oan. It binne dy eagen en dy hannen. It is de folwoeksen Teije dy’t ik hjir op ’e trein set. It fielt as loslitten fan wat ik noait echt hie. Hy stapt in wagon yn en hy is fuort. Ik gean nêst Teije op ’e grûn sitten, en tegearre mei him wachtsje ik oant it fluitsje klinkt en de trein begjint te riden. Oant dy tiid fertel ik oer ús freonskip en wat ik noch wit fan ús tiid foar Teije. Doe’t we noch in selde stêd dielden.

De trein rydt fuort. De loft is blau. Ik beloof patat en we rinne nei hûs.

Sjoukje de Boer (1987) dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije (2019) 

Lês hjir alle kollums fan Sjoukje de Boer.

Ut: heit & mem nr. 2 2020  

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!