heit&mem

Waarme taksys

Tine van Knijff 15 juni 2018

Krekt fiif jier wurden en de iennige auto dy’t er ken is ús eigen. Mar no rint er hân yn hân mei ús mei nei de taksy dy’t foarhûs klearstiet. Njonken de taksy stiet de sjauffeur dy’t foarige wike by ús oan ’e doar kaam om kennis te meitsjen.

Nei in krûp en in tút stapt ús mantsje mei syn grutte tas de lúkse auto yn. Hy hoecht noch net yn sa’n grutte taksybus. Mar dát er yn in taksy moat, dat fine wy al slim genôch. ‘Ik sil goed op him passe hear’, seit de sjauffeur, in âldere man. Hy sjocht dat fansels faker; heiten en memmen mei wiete eagen, dy’t de bern eins net gean litte wolle.

It is noch hartstikke betiid, pas in oere letter sjogge we de oare bern út de strjitte foarbydraven. Dy gean pas fan hûs as se de earste bel hearre. Mar ús lytse jonkje sit in oere yn de taksy. Hy moat de grutte wrâld yn. In wrâld dêr’t hy folle minder fan snapt as oare bern. It is net earlik.

‘De bern wenne der earder oan as de âlders’, seit de sjauffeur noch. Dan stapt er yn, ús jonkje sjocht net op of om. Wy sjogge wol fansels, oant de taksy de bocht om is. En noch langer. Middeis stean ik, lang foar’t er wer thús ferwachte wurdt, al foar it rút. By elke lúkse auto dy’t oanriden komt makket myn hert in spronkje.

Dy earste dei gie bêst. En in soad oare dagen ek. Mar der wienen ek mindere dagen. Doe’t er it jier dêrop wol yn in taksybus moast, mocht er al gau in tablet mei; dat hienen de oare bern ek. Ek dizze sjauffeurs wienen leaf; in echtpear dat om beurten de bern ophelle en thúsbrocht. En op freed wie der snoep yn ’e bus.

Mei ús mantsje gie it dat jier net sa bêst op skoalle. Beide sjauffeurs hâlden him goed yn ’e gaten. ‘Tink derom, hy is net fit hear. Hy seit neat en hy is sa wyt om ’e holle.’ Uteinlik mocht er, nei oardel jier yn ’e taksy, nei skoalle yn ús eigen wenplak. No koenen wy him sels bringe. Wy wikselen kaartsjes én triennen út mei ‘ús’ sjauffeurs.

By de skoalle dêr’t er no hinne giet, steane middeis in hiel soad taksybussen; se komme oeral wei. De sjauffeurs binne hiel ferskillend. Ien ropt en raast de bern byinoar dy’t by him yn de bus moatte. Mar der binne ek sjauffeurs dy’t de bern rêstich by de hân pakke en sizze: ‘Kom mar gau mei, by my yn de taksy is it waarm.’ Waarme taksys, dat is in wrâld fan ferskil!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

Marc (2) sjocht op fakânsje in auto mei in dakkoffer. “Hee, mem, sjoch: dy auto hat in mûtse!”