heit&mem

Skuon

Paul van Dijk 19 juni 2018

Der binne in pear dagen yn ’e wike dat ik myn soan nei it pjutteboartersplak bring. Myn frou is dan al fuort. Op dy dagen gean ik der sels ier en betiid ôf om yn in skimerich hûs in kop tee te drinken, wat te prakkesearjen en even te dûsen.
Dêrnei helje ik myn soan fan bêd en meitsje him klear foar wer in nije dei. Dat slagge oant in pear wike ferlyn hartstikke bêst. Mar doe feroare der wat. Myn soan hie blykber ûnderwylst in spesjale radar foar bewegingen fan syn âlders ûntwikkele. Sadree’t er myn fuotstappen op ’e oerloop heart ropt er: ‘Heit?’ of ‘Hallo?’.
Sûnt dy tiid gean we der tegearre ôf. It moarnsritueel begjint dan fuortdaliks: earst even tv sjen, even pisje, wat ite, dêrnei waskje, hierkjimme, toskepoetse en dêrnei de jas oan, de tas mei en dan op paad. It is de keunst om dy dingen binnen de beheinde tiid dy’t der is allegear te dwaan. Want ûndertusken miteret der in glês drinken om, wurdt der yn ’e broek plast, poept en – as it tsjinsit – noch in kear yn ’e broek plast. Dat is allegear net sa slim fansels. Mar der is ien ding dêr’t ik hiel min oer kin moarns betiid: as ik eat net fine kin.
Dat hie ik ferline wike. We wienen hast klear om de doar út te stappen, doe’t ik my ôffrege wêr’t dy jonge syn skuon wienen.
‘Witsto wêr’t de skuon binne?’ frege ik myn soan.
‘Nee.’
Rêstich bliuwe, Van Dyk, sei ik tsjin mysels. Mar dat slagge net, wy wienen al wat oan ’e lette kant. Gysten stode ik it hûs troch. De keamer, de gong, de bykeuken, ik helle alles oer de kop. Gjin skuon. No, dan earst mar toskepoetse. Mar dat wie myn soan net fan plan. Hy draafde de gong yn en nei in djippe sucht draafde ik achter him oan. Wat is dat dochs mei trijejierrigen? As ik opsjitte wol, giet hy langsum. Wol ik dat er op bêd giet, dan wol hy noch even op de bank springe. As ik toskepoetse wol, wol hy ferstopperke dwaan.
Ik draafde achter him oan, tilde him op en rûn mei him nei de keuken. 
‘Wêrom moat ik toskepoetse, heit?’
It jonkje seach my mei glinsterjende eagen oan.
Ik koe gjin oar antwurd betinke as:
‘Om’t tigers dat ek moatte.’
‘Mar… ik bin dochs gjin tiger?’
Even pauze.
‘Nee? Ik oars wol. GRAAAAARRRRR!’
We wikselen in blik, de jonge frege him  ôf hokfoar ûnnoazelsma er foar him hie en drukte doe syn gesicht tsjin my oan. Ik joech him in tút.
Dit soe einliks ek by it moarnsritueel moatte, betocht ik my. In bytsje tiid foar flauwekul.
En de skuon? Dy haw ik fûn. Se leinen ûnder in stoel.
‘Hoe komme dy dêr no?’ sei ik, mear tsjin mysels as tsjin myn soan.
‘Ferstoppe!’ sei er mei in glimke.
En hy die de hannen mei in ‘tadaa!’-beweging omheech.
Jûns fertelde er grutsk tsjin syn mem dat er sa goed ferstopje koe dat sels heit syn skuon net fine koe. Ik die krekt oft ik it net hearde.

Paul van Dijk

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

Lisa Marilinn Spijker (5): “Juf, ik kin net nei bûten ta, want it reint en dan gean myn nije skuontsjes roastkjen.”

Aaron (6): ‘Mem, ik kin klok lêze!’ ‘O ja? freget mem. ‘Ja! K L O K … klok!