Bûsjild
No mochten de potten lege wurde. Peke hie sis mar in ‘aardige duit’ yn syn sparpot. Siske (5) harres wie wat minder fol.
Do silst it grif werkenne by dyn bern. De iene is gek op tierelantijnen lykas plestik earmbannen, knuffels, glibberige putty; benammen saken wêr’t je neat mei kinne. De oare is hiel gefoelich foar reklame op tillevysje. Dan moat de nijste LEGO kolleksje der komme, in dei letter ropt er my alle kearen as de Minions oer it byldskerm paradearje.
Op nei stêd. Siske wie gau tefreden mei in My Little Pony knuffeltsje fan sa’n njoggen sintimeter. It kin neat, it docht neat en ik wit; mei twa, trije dagen bedarret er alhiel fergetten op ’t fuottenein fan har bedsje.
Peke hie it der muoiliker mei. De boartersguodwinkel hie neat nei syn sin, in goedkeapere ferzje fierderop yn de strjitte makke him segrinich en in tredde winkel soarge foar wanhoop yn syn eagen.
Hy woe sà graach wat keapje.
It parkearbontsje wie ôfrûn, dat wie in moai ferlechje om harren beide werom nei de auto te lokjen. De hiele weromreis gibele de iene tsjin har rôze pony en de oare stompte mei syn holle tsjin it portier.
No woe ik net in ferfelende of skoaljufferige mem wêze, ik woe allinnich mar dat er goed oer syn oankeap neitocht. Boppedat wurkje ik yn in boartersguodwinkel, ik wit wol wat der te krijen is. Djoerder of goedkeap; it moat gewoan goed wêze. En nuttich as it heal kin.
Thús tegearre de griene sparpot wer op ’e kop. Op ‘e nij telle, hoefolle siet der eins echt yn? De mooglikheden beprate, wat koe er wol keapje en wat net. Sûnder memmes belearende fingerke seach er yn ús konsumpsjemaatskippij ynienen it ljocht. Beret sei er: ‘Mem, ik bewarje it. Ik gean sparjen! Ik wol sa’n supersnelle racebaan hawwe!’
Briljant.
Net folle letter seach ik him mei de sparpot sjouwen, dy waard wer goed opburgen.
Janneke de Boer
Lês mear blogs fan Janneke op Sokiets.blogspot
Op de hichte bliuwe fan alle nijste heit&mem artikels? Skriuw dy hjir yn!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: