heit&mem

Heit

Heit

Sûnt septimber bin ik heit fan in soan.
Hidde.
It moaiste jonkje fan Warkum.
Dat sizze der mear. Mar by ús is it echt wier.

Paul van Dijk 29 juni 2015


De fûgels fluiten doe’t er moarns betiid berne waard.
Doe’t er der út roetsjte, waard er behindich troch in suster opfongen.
Dêr lei er. Us soan!
Skrok doe’t ik de nâlestring trochknippe moast.
It bleau even stil en doe sette er in kiel op.
Syn mem en ik gûlden fan blydskip.
Wy wienen as protters sa grutsk.
Hidde moast earst yn it sikehûs bliuwe.
Want hy wie wat te betiid.
Minsken fregen ús faak oft wy dat ek dreech fûnen:
him dêr efterlitte.
Nee. Dat fûnen wy net.
Uteinlik soenen wy mei syn trijen thús wêze.
Wy wisten dat it ek oars koe.

Ik wie al ris earder heit.
Mar it famke moast ús ferlitte.
Doe’t wy ôfskie fan har nimme moasten,
is der in stikje fan myn hert ôfbrokkele.
Leau net dat dêr lym foar is.
Ik hie har sa graach foarlêze wollen,
ferteld wat wolken binne,
en in prinsessejurk jûn.
No krijt se eltse wike blomkes fan my.

Hidde hat fjouwer wiken yn it sikehûs lein.
It wie in trochsetter. Dat wie wol dúdlik.
Al gau waard syn kûveuze te lyts foar him
en mocht er yn in bêd lizze.
In grut bêd foar sa’n lytskert.
We kamen der twa kear, soms trije kear op in dei.
Hy lei in soad te sliepen, mar as er wekker wie
begûn er wyld te sparteljen as er ús stimmen hearde.
Wy fantasearden deroer hoe’t it wêze soe as er
einliks mei ús mei mocht.

It hûs waard oars doe’t hy der wie.
Dat kaam net troch de widze, de bernewein of it autostuoltsje.
Mar troch him.
Dat lytse, fleurige jonkje dat de hiele wrâld noch ûntdekke moat.
Ik kin sa no en dan allinne mar skiepeftich nei him sjen.
Mei in grutte glimk sjocht er dan werom.

Hoopje dat ik net tsjinfalle sil. As heit.
Ik bin net in bêste fuotballer. En fan technyske saken haw ik
ek al net safolle ferstân.
It is mar goed dat bern âlders net ynruilje kinne.

In man en in jonkje komme in winkel yn.
‘Kin ik jo helpe?’
‘Ja, ik bring dizze heit werom. Hy kin niks!’

Afijn.

Sil him wol moaie ferhalen fertelle
en muzyk mei him meitsje.
En ik sil in leave heit foar him probearje te wêzen.
Ik bin fan doel om him noch lang te behoedzjen
foar alle Boaze Wolven en Repelsteeltjes
yn dizze wrâld.

Sa no en dan
sjoch ik har werom,
yn syn gesicht.
Dan sjong ik foar twa.
En krijt er in ekstra tút.

Paul van Dijk

www.depenvanpaul.nl

Paul hat in oantal moaie Fryske berneboeken skreaun. Besjoch se hjir.

Ut: De Lytse Heit & Mem 2015 nr.2 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.