Ien twa trije,
Sietske Zwart 12 oktober 2015
Trije fjouwer fiif,
ús skiep hat pine yn ’t liif,
ús geitsje moat ôfgryslik laitsje
en set syn poatsjes stiif.
Fiif seis sân,
ús barchje rint yn ’t lân,
ús feintsje komt mei moallenbrij
en jirpels yn syn hân.
Sân acht njoggen,
ús mûs sit yn ’e rogge,
ús katsje sit him efternei
as alle katsjes dogge.
Acht njoggen tsien,
’t is mei dit ferske dien,
en al wa’t dat net aardich fynt
begjint mar wer by ien.
Troch: Diet Huber út Tutte mei de Linten

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: