heit&mem

Bijke, Bijke, Bijke

Kenst it ferske fan Bijke it hûntsje noch? Dat ferske is jieren lyn alris betocht troch Hindrik van der Meer.

Dieuwke van der Meer 17 juli 2015

Bijke, Bijke, Bijke,
leaf lyts hûntsje.
Mei dyn sturt
draaisto in rûntsje.
En al seisto dan gjin wurd,
alles sjoch ik oan dyn sturt.

Bijke, Bijke, Bijke,
en dyn earen
kinne my ek hiel wat leare.
Bisto bliid dan hast se plat,
stean s’ omheech dan is der wat.

Bijke, Bijke, Bijke,
leaf lyts hûntsje.
Mei dyn sturt
draaisto in rûntsje.
En dyn eagen yn dyn kop,
stean sa blier as ik dy rop!

 

bisteboelDer leit no in prachtich boek yn de winkel méi cd mei alle ferskes fan ‘De bisteboel fan Omke Roel’.
Tink derby oan ferskes as: Hintsje Kokkelintsje, Stek de stikelbaarch, Kees Kikkert én Bijke!
In berneboek mei moaie ferhalen en lietsjes oer bisten.
It boek is hjir online te bestellen.

 

Op de hichte bliuwe fan alle nijste heit&mem artikels? Skriuw dy hjir yn!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.