Fingerferskes fine bern prachtich en binne fan alle tiden. Kenst it ferske noch fan ‘Dit is pake, koart en dik?’ Hjir fynst de komplete tekst!
Fingerferskes fine bern prachtich en binne fan alle tiden. Kenst it ferske noch fan ‘Dit is pake, koart en dik?’ Hjir fynst de komplete tekst!
Ien, twa, trije, fjouwer,
sjochris wat ik kin?
Fiif, seis, sân, acht,
alle tosken skjin!
Asto lakest
sa oprjocht
en dyn eachjes
twinkelje fan wille,
giet spontaan
de sinne skinen
yn hûs
en yn myn hert.
Ien twa trije,
ús katsje hjit Marije,
ús hûntsje wol ús katsje bite
en mem wol dat net lije.
Wat sit der yn? seit Tryn.
In hoed, seit Sjoerd.
In belle, seit Jelle.
In taart, seit Aart.
Ien twa trije, de boer dy soe my krije.
Doe sprong ik oer de hikke, hy koe my net berikke.
Kenst it ferske fan Bijke it hûntsje noch? Dat ferske is jieren lyn alris betocht troch Hindrik van der Meer.