heit&mem

Rick (5) hat gjin nocht om nei skoalle. Mar dêr wit er wol wat op. ‘Mem, ik ha sa’n pineholle! Mar gelokkich fiel ik der neat fan.’

Simmer Mare (5) sjocht omheech nei de parrebeam, hat sin oan wat en freget: “Hé mem, is dy par al gear?”

Dieke hat in plakje op ’e tean en se raast it út. Nei in hiel skoft treasten seit heit: ‘Dieke, no is it klear, net sa oanstelle.’ Dieke: ‘Ik stel my net oan, it docht sa sear! It docht sa sear as oftst yn dyn bleatsje sûnder klean yn de lava swimst!’

Fenna vertelt beppe dat ze andere talen op school heeft geleerd. Namelijk Engels: ‘Hello en goodbye!’ En ze heeft ook Duits geleerd: ‘Auf wiedersehen’. Fenna: ‘En we hadden ook iets van ooievaar.’ ‘Uh, ooievaar?’, dat begrijpt beppe niet. ‘Ja,’ zo legt Fenna uit, ‘dat hoorde geloof ik bij bonjour.’

Myn soan frege oan beppe wat dy twa krûpelhintsjes dienen, want se sieten oplekoar. Beppe fertelde dat se krûpten en fereale wiene en sa ek berntsjes krigen. Hy hie it hielendal begrepen. Op skoalle fertelde er fuort oan elkenien:’Us heit hat op ús mem sitten en no sit der in lytse poppe yn mem har búk!’

Mem komt earder thús fan it wurk, want de kolf wie stikken gien. Femke (3): ‘Hee mem! Koe mem it wurk net fine?’

Mijn oudste dochter (toen 4) zei op een vol schoolplein, midden tussen een groepje moeders: ‘Weet je, mijn mama doucht nooit!’ Ik, alleenstaande moeder van twee dochters van 2 en 4, douchte altijd als de meisjes sliepen, dus dat zagen ze nooit!

Marte (4) blêdet troch de heit&mem. Marte sjocht nei de letters en lêst: ‘Mem’. Se freget wat der noch mear stiet. Mem seit: ‘Heit’. Marte lêst lûdop: ‘Heit en mem.’ Efkes is it stil en dan freget Marte: ‘Mar mem, wêrom stean jim yn dit boekje?’

Thieme (2) sjocht in foto wêrop’t mem in hiele dikke búk hie. Mem fertelt him dat hy dêr by mem yn de búk siet. Wêrop’t Thieme seit: ‘Mem hie Thieme opiten!’

‘Wolst dat ferske nochris foar beppe sjonge?’ freget beppe. ‘Nee,’ seit Norah, ‘myn tosken binne wurch.’

Jens (3): ‘Ik wol jûn sa graach pantoffeltsjes ite, heit!’ (pofferkes)

‘En nu ophouden, want ik kook van binnen!’, zegt mem tegen Brend (8) en Redmer (6) die een beetje vervelend zijn. Waarop Brend antwoordt: ‘Ik ben benieuwd wat er op het menu staat!’

Marianne (5) wol nei it middeisskoft net wer nei skoalle. Se skriemt en is boas. Mem freget wat der oan ’e hân is. ‘No, juf sei dat ik myn hantsjes thúshâlde moast en ik wol se net misse!’

Eelkje (3) sjocht heit syn boarsthier: ‘Heit hat gers op ’e búk!’

Remco (2) sjocht it bûten reinen: ‘Och mem, de wolkjes gûle!’

 

By Renske (4) thús sit moarns betiid in knyn op it hiem. Heit en mem witte net wêr’t hy wei komt en fan wa’t hy is. Heit seit dat de knyn miskien wol honger hat en hy tinkt dat de knyn wol in stikje bôle ha wol. Renske: ‘Mar wat moat hy der dan op ha?’

Herre (5) praat over sport en zegt “mijn mama zit nu niet meer op roeien maar op de fysiotherapeut…”

Marrit (3) siket har sokken, dy’t troch de keamer slingerje, en seit: ‘Myn sokken lizze ek altyd fier útelkoar; witte se soms dat it corona is?’

Jurre (2) sit achter yn ’e auto as er ûnderweis in auto mei in dakkoffer derop sjocht. Hy ropt: ‘Sjoch, in auto mei in helm op!’

Mem freget Frouke (4) oft se efkes de boadskippen oanjaan kin. Mar Frouke moat mem teloarstelle. ‘Nee, dat kin net mem, ik ha myn spierbulten op skoalle lizze litten…’

De mem van Kevin (4) vertelt dat ze verkouden is. ‘Nou, ikke niet’, zegt Kevin. ‘Ik ben verwarmd!’

Hidde (2,5) sit by beppe op ’e bank as er begjint te hoastjen. Hy sjocht beppe oan en seit: ‘Ik ha macaroni!’ Gelokkich wie er gewoan ferkâlden

It is foar it earst wer moai waar en Anne-Renske (3,5) mei in t-shirt oan ha. Benijd freget se oan heit: ‘Docht heit ek syn bleate-earmketrui oan?’

Herre (3,5) fynt wat moais dat er graach yn in beurske dwaan wol. ‘Memmy, wêr is it “sintsje-taske”?’

Jarno (3) kriget fan mem in pakje stoepkryt. Dêr is Jarno hiel bliid mei: ‘Wau mem! Ik wol no graach mei de kleurstokjes boartsje!’

Hieke (7) har mem kriget ynkoarten wer in lytse poppe. As Hieke in ierdbeidessert iepenmakket, treft se it net: “Mem! Der sit allegear fruchtwetter op!”

Jure (3): “Mem, de iPad is leech, hy moat efkes opstroomd wurde!”

Mem seit tsjin Thyme (5): ‘Bist in bytsje min?’ Thyme knikt, mar antwurdet tagelyk: ‘Mar ik bin ek in bytsje plus, hear!’

As mem har fyts út it hok hellet, sjocht Ype dat it ljocht fan mem har fyts baarnt. ‘Dat kloppet,’ seit mem, ‘want dat giet automatysk.’ ‘Nee hear,’ seit Ype (5), ‘dat giet fytsmatysk.’

Rutmer (5) sjocht dat der in ein op ‘e kop yn ‘e feart sit. ‘Hé dat eintsje docht de handstand!’

Laad mear