heit&mem

Lêstip fan Keimpe: Wat in rommel!

Dieuwke van der Meer 3 mei 2023

 

‘Wat in rommel!’ is de lêstip fan Keimpe fan de moanne maaie.

In hearlik printeboek, mei rymjende sinnen, oer wat tefolle rommel docht…
In eksterpear bout in nêst foar harren prachtige aaikes. Al gau miene se dat in gewoan nêst net goed genôch is en se komme mei fan alles en noch wat oansetten, it spul wurdt hoe langer hoe grutter, sels in auto wurdt nei it nêst tôge, oant…

Orizjinele titel: Too much stuff! Ferskynde yn 2022.

‘Wat in rommel!’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

 

De resinsje fan Marjan:
“In moai boek mei rymjende sinnen. Us bern fûnen it hiel leuk om de yllustraasjes te besjen en Sarah besocht de blauwe aaikes fan de eksters hieltyd te finen tusken alle rommel. It is in hiel learsum ferhaal mei in libbensles deryn, want hawwe wy wol safolle spullen nedich om te libjen? Wat is folle wichtiger? It boek jout it goede foarbyld, want al it guod dat út it nêst fallen is, kriget in twadde libben of wurdt kreas opromme. En fansels ein goed al goed, der wurde jonge eksterkes berne.

It boek hat prachtige yllustraasjes oer de hiele side ferspraat, fol kleur en mei ferskate bisten. Dat sprekt jonge bern fansels daliks oan. Dêrnjonken is dit hiele ferhaal moai yn it Frysk op rym skreaun. It is dêrtroch maklik foar te lêzen. Omdat der ek noch in moraal yn it ferhaal sit, leare de bern ek nochris oer wat no echt wichtich is yn it libben.
Al mei al in moai berneboek om foar te lêzen en wêryn’t in protte te sjen en te ûntdekken is op de fleurige platen.”

Lês de folsleine resinsje fan Marjan hjir.

De resinsje fan Rozemarijn:
“Wat in rommel! is ien fan de moaiste berneboeken dy’t ik yn skoften lêzen haw! It ferhaal is oerset út it Ingelsk, mar sa goed dat it krekt liket oft it in orizjineel Frysk ferhaal is. De rymjende sinnen rinne prachtich. Troch de skitterjende kleurrike yllustraasjes wurdst meinaam yn de absurditeit fan it ferhaal. Us bern fine it sa grappich! Bygelyks dat it iikhoarntsje oan de fyts meifljocht troch de loft. Ik mocht it boek wol trije kear efterinoar foarlêze.”

Lês de folsleine resinsje fan Rozemarijn hjir.

Tomke hat ek in moai filmke oer rommel, sjoch mar:

Der is ek in foarlêsfilmke fan it Ingelske boek:

Rommelkaart by it boek ‘Wat in Rommel!’
Helpst ek mei om rommel op te romjen yn dyn buert?
 
 

In moaie kleurplaat fan in nêst fûgeltsjes. 
Klik op it plaatsje foar de pdf fan de kleurplaat.


 

WC-roltsjes rommel?
Nee hear, dêr kinst hiel moai mei fervje! 🙂
Klik op it plaatsje en download de útlis!

 

 

 

 

 

 

 

 

Of lekker nivelje mei dopkes!

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.