heit&mem

It Bijeboek: resinsje fan Geartsje

x 28 juli 2022

Wêrom al dy drokte oer bijen? Wat dogge se de hiele dei? Wêrom binne bijen belangryk? Allinnich al de achterkant makke ús tige nijsgjirrich, mei al dy fragen. Nei’t ik de fragen foarlêzen hie, woene Anne (7) en Brent (6) gelyk fierder lêze foar de antwurden.

It tema fan it boek heakket natuerlik hielendal oan by dizze tiid. De natuer is sa belangryk! De ferskillende bijen wurde beskreaun, it mjitlint wurdt der BIJ pakt troch de bern. Is de grutste bij echt 4 sintimeter grut? No, gelokkich ha we dy noch noait yn ús tún hân mem, dan hie mem hiel hurd draafd! Se wriuwe it der lekker yn dat ik neat fan dy zoembisten hawwe moat!

Mar hoe fierder we yn it boek komme, hoe dúdliker it wurdt wêrom’t dy zoembisten op de wrâld bliuwe moatte en dus ek by ús yn ’e tún. Witte jim noch, dy biologyles oer it stomoal en de stimpel? Earlik sein, dy wie by my al aardich fuortsakke. Mar mei dizze moaie yllustraasjes komt dy les wer hielendal boppe. Dêrtroch sjogge de bern hoe belangryk ek de lytse bisten binne yn de natuer. En je krije der suver nocht oan om de tún ‘bijeproof’ te meitsjen, sadat we de wrâld in bytsje helpe.

Iennich minpuntsje yn it boek: der wurdt knutsele mei in plestik flesse. At je dy dan bûten hingje, is de kâns oanwêzich dat er yn de natuer bedarret. Dat soe toch sonde wêze? Miskien dat in holle beamstam of tou dêr útkomst yn biede kin.

Wat in prachtich boek om (foar) te lêzen. Op elke bledside yn it boek stiet nije ynformaasje. Elke útlis wurdt mei moaie yllustraasjes dúdlik makke. Koartom, in echte oanrieder foar de natuerleafhawwers.

 

Geartsje Rispens-Klaversma, mem fan Anne & Brent. Consulent digitale geletterdheid by de Bibliotheek yn Snits.

‘It Bijeboek’ is foar € 15,00 hjir online te bestellen.

-> Geartsje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

Anna Fem (4) fertelt mem oer wat se op skoalle leard hat. “Der binne ek bisten dy’t poep ite, mem! Dat dogge kevers. Mar mieren net, want dy ite bledsjes út de frituer.” (natuer)