heit&mem

Hieke (7) har mem kriget ynkoarten wer in lytse poppe. As Hieke in ierdbeidessert iepenmakket, treft se it net: “Mem! Der sit allegear fruchtwetter op!”

Mem seit tsjin Thyme (5): ‘Bist in bytsje min?’ Thyme knikt, mar antwurdet tagelyk: ‘Mar ik bin ek in bytsje plus, hear!’

Mem seit tsjin Imre (2) dat se no echt op bêd moat, want it wurdt bûten sels al tsjuster. Dêr wit Imre wol in oplossing foar. ‘Dan dogge wy it ljocht dochs oan!’

As ik mei myn soan Rymer (3,5) ûnder de dûs stean, seit er: ‘Mem, mem hat in burd op har fuotten.’ Tja, doe wist mem wol wat har te dwaan stie.

Rick (5) hat gjin nocht om nei skoalle. Mar dêr wit er wol wat op. ‘Mem, ik ha sa’n pineholle! Mar gelokkich fiel ik der neat fan.’

Jesse (5) wurdt grutte broer en tinkt te witten wat it wurdt. “Mem, ik tink dat it in broerke wurdt, want ik seach op de echo gjin sturtsjes yn it hier!”

Anna Fem (4) fertelt mem oer wat se op skoalle leard hat. “Der binne ek bisten dy’t poep ite, mem! Dat dogge kevers. Mar mieren net, want dy ite bledsjes út de frituer.” (natuer)

Djurre (4): “Wij gaan naar Spanje op vakantie, juf!” “Oh, wat leuk, Djurre”, seit juf. “Ja, en in Spanje woont Sinterklaas, juf en als we teruggaan, nemen we Sinterklaas mee in het vliegtuig, want dat gaat wat sneller dan met de boot.”

Rixt (3) sit by mem op skoat en seit: “Mem, ik haw dêr (wizend nei boarst) dochs ek út dronken?” “Ja, dat kloppet”, seit mem. “Mar wêrom sit dat spientsje dêr dan noch hieltiid oan at ik dêr net mear út drink?”

Jouke (6) besjocht de boppekant fan heit syn holle ris goed en seit: “Je hoofd is net een grasveld, met hier twee paadjes die bijelkaar komen en daar een picknickveldje.”

Jelger (4) sit achter yn de auto en freget dan al sykjend: “Heit, binne hjir ek sinneplaneten?” (sinnepanielen)

Thyme (5) sit yn in restaurant en seit tsjin de ober: “Dit drinken komt út de koelkast, no? Dêrom hjit it ek Fristi!”

Lianne (3): “Mem, mei ik de klapmich wol?” (miggeklapper)

Simmer Mare (5) sjocht omheech nei de parrebeam, hat sin oan wat en freget: “Hé mem, is dy par al gear?”

Bente (3) rint mei har mem troch it bosk en ûntdekt allegear fuotspoaren yn it sân. ‘Sjoch mem, in stimpel fan in hynder!’

Marc (4) sjocht in trekker riden en allegear mannen yn it lân. Hy wit wol wêrom. ‘Sjoch mem, dêr binne se griente oan it fangen!’

As Lotta (3) har lytse broerke drinken hân hat by mem, seit Lotta: ‘Gau de blûs ticht, mem!’ ‘Wêrom dat?’, freget mem. ‘Oars wurdt de molke kâld!’ 

Marije (8) en Lienke (8) fytse lâns in boerd dêr’t Jelle B op stiet. Lienke: ‘Hé, Jelle B, kensto dy?’ Marije: ‘Is dat net de broer fan Ali B?’ Lienke: ‘Ja, dat leau ik al.’

Doe’t wy op de buorkerij oankamen, rûkte ús dochter fan 2 de kij al en sei: ‘Oh mem, ik ha in ko yn ’e noas!’

Laad mear