heit&mem

Myn earste hapkes

Myn earste hapkes

Ttomke-syn-earste-hapkesomke syn earste hapkes is in boekje mei 20 Nederlânsktalige resepten. It boekje is hjir foar € 6,50 te bestellen.
Wy dogge jimme fêst 4 hearlike resepten kado!

x 12 oktober 2016

 

Kinst begjinne mei byfieding fan 4 moanne ôf, as jim bern dêr ferlet fan hat. Dat fernimst bygelyks as se mear begjinne te smakken. Troch byfieding kin it ferlet fan molke, en dus ek dyn molkeproduksje, weromrinne. Oerlis mei it konsultaasjeburo wat it bêste foar jim is. Stel it jaan fan byfieding noait langer út as oant 6 moanne.

 

 

4 moanne +
*Appeltsjeguod
1 appel
(1/2 poppekoekje, sa as Liga)apeltsjeguod

In appel skile en yn blokjes snije. Mei in stêfmikser de appel fynmealle. As de poppe noch wat muoite mei de groffe puree hat, kinst it nochris troch de seef riere. Is dyn berntsje wat âlder, dan kin der in heal fynkrûmele poppekoekje trochrierd wurde.

 

6 moanne +
*Sinneblomke
½ maiskolf
100 gram blomkoal
30 gram cottage cheese sinneblomke

Spiel it stik maiskolf goed ôf en doch it mei wat blomkoalroaskes yn in pantsje mei siedend wetter, om yn in kertierke gear te wurden. Skraabje de geare mais der mei in leppel ôf, doch de seane blomkoalroaskes derby, skep der wat sêfte tsiis by en purearje alles.

*Mangohapke
½ mango
1/2 banaantsje
2 ytleppels seane rys
1/2 teeleppeltsje sitroensopmango

Skyl de mangohelte en ferdiel it fruchtfleis yn skiven. Tagelyk mei it heale banaantsje en in pear ytleppels seane, geare rys yn in keukenmasine of mei de stêfmikser fynmealle. Pear dripkes sitroensop dertroch tsjin ’t ferkleurjen.

9 moanne +
* Bytsjerasp
1 seane reade byt
50 gram rys of lytse ierappel
kanielpoeier
1 lytse appel
30 gram rezinen
tate/memmemolke of opfolchmolke 

rode-bietDe rezinen goed waskje en se as it kin in nacht fan tefoaren al yn sean wetter yn ’e weak sette. Op de dei sels rys siede sa’t op it pak stiet (of in lyts ierappeltsje skile, yn stikken snije en yn 20 minuten gearsiede). Doch de lêste 5 minuten de rezinen by de rys.

In seane reade byt en ek in lyts appeltsje raspje. De raspe byt en appel troch de ôfdreage geare rys riere en even trochwaarmje. Smeudich meitsje mei wat tate of opfolchmolke. Hiel lyts bewyske kanielpoeier deroer struie. Dêrnei alles fynmealle.

Ut: De Lytse Heit & Mem nr. 1 2014

Boeketip: Samen Eten

9200000059824934

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!