heit&mem

HypnoBirthing is net sweverich

Rinske en Ytzen van der Meij fan Aldebiltsyl woene graach in broerke of suske foar harren soan Reinder. Mar Rinske har earste befalling hie sa dreech west dat se bang wurden wie om dat wer mei te meitsjen. Troch de kursus HypnoBirthing krige se it fertrouwen werom.

Klasina van der Werf 8 januari 2023

Earste befalling
It is al mear as fjouwer jier lyn, har earste befalling. Mar se sil it nea wer ferjitte. ‘Dat noait wer’, sei Rinske lange tiid. Mar it ferlangen nei in twadde berntsje wie dochs sterker as de eangst. Earst mar ris yn ferwachting reitsje, dan sjoch ik dêrnei wol fierder, tocht Rinske. Doe’t it safier wie, lies se tafallich yn in tydskrift oer HypnoBirthing. By HypnoBirthing giet it derom dat je fertrouwen krije yn je eigen lichem en de natuer syn gong gean litte. It is in kursus fan fjouwer sneintemoarnen en de partner mei ek mei. ‘Doe’t ik it oan myn man fertelde, frege hy fuort: “Is dat net sweverich?” Dat heart miskien wol sa troch de Amerikaanske namme. Mar it hat neat mei hypnoaze te krijen. It giet om ûntspanning. Miskien hjit it sa omdatsto neat mear hearst ast sa ûntspannen bist. It is in hiel praktyske kursus. Dus poer geskikt foar ús as nuchtere Friezen.’

Is dat net sweverich?

Kursus
Fia “Liefdevolle Geboorte”, fan Nynke Brakelé-Hiemstra yn Ljouwert, hawwe Rinske en Ytzen de kursus HypnoBirthing folge. ‘Je leare hoe’t je mei safolle mooglik fertrouwen en sa min mooglik eangst it berteproses temjitte geane. It is hiel oars as de klassike “pufkursus”. Krigest folle mear útlis oer hoe’t it eins wurket yn de baarmoeder en wat hormoanen en adrenaline mei dy dogge. Dêrtroch begrypst alles better.’

Kursisten krije in boek, in kursusmap en in cd. Op de cd wurdt as positive ‘affirmaasje’ ûnder oaren sein: “De geboorte van mijn baby zal gemakkelijk zijn omdat ik zo ontspannen en vol vertrouwen ben.” En: “Ik vertrouw erop dat mijn lichaam weet wat het moet doen en ik volg haar aanwijzingen.” ‘Earst moast ik dêr wol om laitsje. Mar de grap is: hoe faker asto nei dy cd lústerst, hoe mear ast der yn leaust.’

Op de cd kinst ek harkje nei de Regenboog Ontspanning. Ast dêr faak genôch nei lústerst, dan fielst dy sa ûntspannen dat it liket as oftsto sliepst. As de befalling begjint, kinst de cd ek opsette. Dan wurdst dêr rêstich fan. Learst ek hoe’tst dyn gedachten posityf beynfloedzje kinst. Ast bygelyks oan in blom tinkst dy’t moai iepengiet, dan hat dat in positive ynfloed op de ûntsluting. Rinske: ‘Ik tocht, se kinne my noch mear fertelle; as ik oan it befallen bin, dan tink ik echt net oan in blom. Mar doe’t it safier wie, ha ’k de hiele tiid oan dy blom tocht.’

right after birth, baby is holding father's finger

Fertrouwen
Ek de man fan Rinske fûn de kursus handich. Hy learde ûnder oaren in massaazjetechnyk en oare manieren om syn frou by te stean. ‘Wy hienen nei dy fjouwer lessen al it gefoel dat we better op de befalling taret wienen as de foarige kear. Learst allegear ûntspanningstechniken, en as it iene net slagget kinst in oare metoade tapasse. Dêrtroch krigest folle mear fertrouwen.’

Rinske hie troch de kursus sels safolle fertrouwen krigen dat se thús befalle woe. Se keas foar in badbefalling. Rinske paste de metoade fan HypnoBirthing ta ûnder de weeën en hie lang safolle pine net as by de earste befalling. ‘Der wiene fansels wol pittige mominten, mar dat hâldst altyd.’

Sikehûs
Mei it parsen gie it mis. Se hie in soad bloedferlies en moast foar it lêste stikje dochs noch nei it sikehûs. Se hie de pech dat der mar ien gynekolooch yn it sikehûs wie en dy moast nei in oare befalling, wêrby’t it net goed gie mei de baby. It hertsje fan de baby fan Rinske en Ytzen kloppe moai rêstich, dus sy koenen wol wachtsje. Trije oeren hat Rinske yn ’e parsweeën sitten. Uteinlik is harren dochter mei de fakuümpomp berne. De pomp dêr’t se eins sa huverich foar wie troch de earste befalling. Mar it koe net oars. De skouderkes bleaune heakjen.

Dêr wie se. Nei fyftjin oeren. Fimke. It earste Baby few minutes after the birthHypnoBirthingfamke fan Fryslân. Berne op 17 maart 2015. Se mocht fuort by heit en mem lizze. ‘Dat wie ús grutste winsk, omdat we dat by Reinder net meimakke hienen.’

 

 

Untspannen
Rinske sjocht op ’e nij werom op in heftige befalling. ‘Mar troch de HypnoBirthing-metoade wie dit tsien kear better. Allinnich it lêste stikje wie hiel dreech. Ik sei letter tsjin Nynke, de kursusliedster: “It kloppe net. Myn liif wie net perfekt foar de lytse poppe om berne te wurden.” “Sa moatst it net sjen”, sei Nynke. “It is hiel bysûnder dat it hertsje fan de poppe sa lang rêstich bleau, wylsto yn de parsweeën sietst. Dat komt om’t jim sa ûntspannen wienen troch de HypnoBirthing-techniken.”’

En sa ûntspannen as Fimke by de befalling wie, sa rêstich en tefreden bleau se ek dêrnei. Rinske: ‘Miskien hie dat oars ek wol sa west, mar ik tink dat it komt om’t Fimke in HypnoBirthing-baby is.’


 Wat is HypnoBirthing?

Sûnt Doutzen Kroes befallen is mei de HypnoBirthing-metoade wurdt it wat bekender, mar in soad minsken witte net wat it is. Nynke Brakelé-Hiemstra jout sûnt 2014 de kursus HypnoBirthing yn Ljouwert. Sy is sels yn 2013 befallen mei HypnoBirthing en fûn dat sa’n moaie erfaring dat se tocht: froulju yn Fryslân moatte hjir mear fan witte.

Nynke: ‘HypnoBirthing is een waardevolle, ontspannen en stressvrije methode van bevallen. Helemaal pijnloos bevallen lijkt me een utopie, maar als een vrouw mentaal en fysiek goed voorbereid is op de bevalling kan zij deze op een kalme, comfortabele en liefdevolle manier beleven. De cursus is positief en praktisch en bestaat uit vier ochtenden.

Bij HypnoBirthing leren vrouwen samen te werken met hun lichaam, in plaats van het tegen te werken. Bewust of onbewust zien vrouwen op tegen de bevalling. Daardoor creëren ze angst, met als gevolg dat het lichaam verkrampt. Dat noemen we het angst-spanning-pijnsyndroom. Dit bouwen we tijdens de cursus om naar vertrouwen, ontspanning en plezier.

HypnoBirthing is een waardevolle, ontspannen en stressvrije methode van bevallen

Verder heeft de cursus tot doel het bewustzijn en zelfvertrouwen van de vrouw te vergroten. Waarom zou je bijvoorbeeld liggend op je rug bevallen terwijl de verticale houding veel natuurlijker is? Vaak denken vrouwen: de gynaecoloog of verloskundige zal het wel weten. Maar veel wijsheid zit in jezelf.

Je kunt een bevalling niet overdoen en het heeft een enorme impact op zowel de ouders als het kindje. Daarom is het belangrijk om van tevoren goed na te denken over wat je wilt. Ook al loopt het dan allemaal anders, net als bij Rinske, dan houd je er toch een tevreden gevoel aan over. Een rustige natuurlijke geboorte geeft ouders en baby de mooiste start die er is.’

 Meer informatie: www.liefdevollegeboorte.nl

Ut: De Lytse Heit & Mem 2016/2017

Boeketip:

9200000064301390

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!