heit&mem

Wurk en bern, hoe wurket dat?

Ast in poppe krijst, feroaret dyn hiele libben. Thús, mar ek op it wurk. Hoe dochst dat, wurk en bern kombinearje? Thea Steenstra (33) út Nijhoarne is parttime begûn te wurkjen nei de berte van Maud. Tineke Haitsma (34) út Frjentsjer hat trije soannen én har eigen winkel.

Tine van Knijff 15 september 2017

‘Myn freon en ik ha eins twa dochters’, fertelt Thea. ‘Us earste famke is ferstoarn doe’t sy alve dagen âld wie. Maud is no tweintich moanne en wy binne o sa wiis mei har. Ik wurkje op de administraasje fan in autogruthannel en bin bewust fan 38 nei 20 oeren gien.’

Opfang foar Maud is goed regele. ‘Wy ha in heitedei, in beppedei en in dei berne-opfang.  Har dei berne-opfang is har koartste dei sûnder my: ik ferdiel myn oeren oer trije wurkdagen. Myn freon hat alle tongersdeis frij. Dat is syn dei mei Maud.’ 

It is drok, mar wy ha in fêst ritme.

Har jongste soan Martijn is trije moanne, dochs stiet mem Tineke alwer yn ’e winkel. ‘Ik wurkje fan moandeis oant en mei sneons, mar bin tongersdeis frij’, fertelt Tineke. ‘Sneons hat myn man wykein en moandeis hat hy frij. De oare dagen wurde de bern opfongen: in dei troch myn mem, in dei troch myn skoanâlders en in dei berne-opfang. De âldste giet dan nei skoaltiid nei de bso.’ Joost (4) en Sander (2,5) wienen it strakke skema al wend, poppe Martijn draait dêr flot yn mei. ‘It is drok, mar wy ha in fêst ritme.’

Boarstfiedingistock_100950473_medium-%282%29
Boarstfieding jaan wylsto wer oan it wurk moatst, kin lestich wêze. Thea hâldt it knap fol. ‘Maud drinkt noch by my. Sadree’t ik thúskom, freget se: “Drinke?”’ Yn de manljuswrâld dêr’t sy yn wurket, wie it kolven even wennen. ‘Ik wie de earste wurknimster dy’t dat woe. Myn kolfromte is in fergaderkeamer dêr’t de doar fan op slot kin, mei in keukentsje derneist. Ik ha in dûbele kolf en bin yn tsien minuten klear.’

By Tineke rûn it oars. ‘Ik ha Martijn boarstfieding jûn oant ik wer oan it wurk gie. Mei de âldste ha ’k besocht om te kolven yn it kantoar achter de winkel. Dat woe net om’t ik hieltiid stoard waard. By de twadde en tredde ha ’k it net mear besocht. Yn it begjin joech ik Martijn moarns en jûns it boarst en krige hy oerdeis fleskes, no krijt hy allinnich mar de flesse. Hy docht it dêr hiel goed op.’

Oeral nei ’t sin
Ek al ha beide memmen it moai regele mei de opfang, dochs fielt it net altyd noflik. ‘Martijn is te betiid berne, omdat hy net mear groeide’, fertelt Tineke. ‘Gelokkich hat er dat dûbel en dwars ynhelle. Mar ik fûn it dêrtroch wol lestich om wer oan it wurk te gean. Ik ha him wol meinaam: as hy yn it kantoar sliepte, wie hy dochs ticht by my.’

‘Ik moast wer oan it wurk doe’t Maud trije moanne wie, te betiid fûn ik’, jout Thea oan. ‘Der is no praat fan dat memmen pas nei seis moanne wer oan it wurk hoege, dêr stean ik achter. As memmen langer by harren poppe bliuwe kinne, is it ek makliker om langer boarstfieding te jaan.’ 

‘Ik fûn it swier om Maud fuort te bringen, nei de berne-opfang hielendal. Mar Maud hat it oeral nei ’t sin, fynt it oeral like moai. En ik kin even yn in oare wrâld wêze, mei oare minsken en oar praat. Dat is ek belangryk. De kombinaasje dy’t wy no ha, fielt goed.’

Ik fûn it swier om Maud fuort te bringen, nei de berne-opfang hielendal. Mar Maud hat it oeral nei ’t sin.

istock_87718165_medium-%282%29

‘Ik ha ek drege mominten hân’, seit Tineke. ‘De earste wurkdei nei de berte fan Martijn, de earste kear dat Joost nei de bso gie… Dat in oar mei dyn bern rêdt, dat is lestich. Mar it grutste part fan ’e wike binne se by famylje, dat fielt fertroud. En ús bern wurde selsstannich en sosjaal. Se ha safolle wille, as ik dat sjoch wit ik dat wy it goed dogge.’

Dwaan wat goed fielt
Tineke en Thea binne tige wiis mei harren bern: as se thúskomme út it wurk binne de bern harren alles.

‘Ik genietsje fan alle mominten mei Maud’, fertelt Thea. ‘Ik sis tsjin oare âlders: lûk jim neat oan fan wat oaren sizze of dogge, gean op jim eigen gefoel ôf. Ik mis tweintich oeren fan Maud, mar dy helje ik dûbel en dwars yn as ik by har bin. As je bern ha, moatte je der foar se wêze!’ 

Dat fynt Tineke ek, mar sy mei ek graach yn de winkel wêze. ‘Ik fyn it belangryk om diel út te meitsjen fan ús maatskippij. As ik allinne mar thús wêze soe, soe ik dat gefoel minder ha. Dat is foar elke mem oars en elkenien moat de kar meitsje dêr’t sy har noflik by fielt. As ik thúskom, drave de jonges bliid op my ôf, dêr genietsje ik fan. Wy ha it moai foarinoar sa.’

Ut: De Lytse Heit & Mem 2016/2017

Boeketip:

ikwurdmem

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!