heit&mem

20+ mem

Ciska Noordmans 21 april 2017

Namme: Lotte Messemaker-van der Meer
Wenplak: Feanwâlden
Berne op: 16 oktober 1995
Relaasje mei: Mitchel
Soan: Ruben, earste berntsje
Berne op: 10 febrewaris 2016
Karakter: Maklik foar ús as âlders, mar prikkelber as der oaren yn byld komme
Favoryt: In blokje om mei de bernewein. Ruben is alert en heart allerhande lûdsjes fan fûgels en minsken.

Wie jim poppe pland?A mother holing her sons feet
Lotte: ‘Ik kaam by de earste help yn it sikehûs fanwege in nierbekkenûntstekking. “Do bist al 15 wiken yn ferwachting”, sei de arts doe by it ûndersyk. Dat kaam as in tongerslach by heldere himel.’

Wat hat de komst fan jim berntsjeteweechbrocht?
Lotte: ‘Ik skrok ferskriklik fan it boadskip fan de gynekolooch. Ik moast gûle. Mitchel is stjoerman op in skip en ik ha ’m fuort opbelle. Hy wie der earst ek ôf. Wy hienen noch flink oan it feesten west yn dy earste wiken doe’t ik swanger wie. Ik ha deroer ynsitten oft it berntsje dêr ek wat fan oerhâlde soe. Fia Marktplaats hawwe wy de babyútset byelkoar socht. Wy hienen krekt in hús tawiisd krigen doe’t wy hearden dat ik swanger wie. De hiele famylje hat holpen it allegear foarmekoar te krijen.’

(Hoe) kombinearresto wurk mei in lytse poppe?
Lotte: ‘Nei de swangerskip is myn kontrakt ynearsten net ferlinge, dat ik ha no tiid foar Ruben. Fansels kinne wy it jild goed brûke en ik hoopje dat ik mei yngong fan 1 july wer foar trije dagen oan it wurk kin. No moat ik miskien noch opereard wurde oan in hernia. Us mem sil op Ruben passe as Mitchel der net is.’

k kin aanst alles mei him dwaan, mei him skommelje en tegearre op de trampoline springe, dat is fêst oars asto âlder mem wurdst.

Wat fine heit/mem en jim freonen derfan?
Lotte: ‘Us mem wie mei nei de gynekolooch en moast ek gûle doe’t se de lytse poppe op de echo seach. Sy hie fansels ek soargen oer hoe’t it allegear mei ús komme soe. Us heit sei “Stom!” mar is ûnderwilens in grutske pake. Us heit en mem hawwe ús geweldich holpen om alles foarinoar te krijen. Beide skoanâlders wenje yn Wassenaar en wienen fuort út ’e skroeven. Myn freondinnen wurkje op in bernedeiferbliuw en hawwe njoggen moanne mei ús meilibbe.’

 

Hoe reagearret de omjouwing?Baby clothes
Lotte: ‘De freonen fine it leuk, mar net elkenien is entûsjast. Guon âldere froulju dy’t graach ek swanger reitsje wolle, reagearje wolris jaloersk. Der binne ek guon minsken dy’t it fan my oernimme wolle; se lûke my Ruben út ’e hannen wei of krije ’m út ’e bernewein. Ik tink net dat se soks dwaan soenen as ik âlder west hie. Ik ha it gefoel dat ik my bewize moat. Ik moat no leare om foar mysels en foar Ruben op te kommen.’

Fynsto dat der foardielen sitte oan mem wurden op dizze leeftyd?
Lotte: ‘Ruben hat in jonge mem en ek in jonge beppe (48). Ik kin aanst alles mei him dwaan, mei him skommelje en tegearre op de trampoline springe, dat is fêst oars asto âlder mem wurdst. Mar ús finansjele basis is wat smeller; wy hawwe noch net sa’n soad wurkje en sparje kinnen.’

Ut: De Lytse Heit & Mem 2016/2017

Ciska Noordmans

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!