heit&mem

De babykeamer fan Julian

Twa jier wennet Hester Kooistra no mei har man Erik yn Winsum. Trettjin moanne lyn is harren soan Julian berne. ‘Doe’t wy dit hûs foar it earst seachen wie it hiel tryst en tsjuster. Gelokkich koe myn Erik, dy’t timmerman is, dêr trochhinne sjen.’

Dieuwke van der Meer 12 oktober 2016

bertekaartsjeYnrjochting
Ast Hester har hús binnen komst, kinst fernimme dat ynrjochting har hobby is. Hester har hiele hûs is yn styl. Ljochte kleuren, hout en in swart/wite kaartsjes mei moaie teksten en oare prachtige assessoaren siere de keamer.

De babykeamer is lyts, mar prachtich. Op de doar hinget Julian syn bertekaartsje dy’t like bysûnder is as it keammerke sels. ‘Ik ha it kaartsje sels makke. Doe’t Julian der noch net wie, ha ik al oefene mei it fotografearjen. Doe lei der allinne noch in tekken. It gedichtsje ha ik fan heitenmem.nl.’

 

 

julian01

 

 

Babykeamer
It keammerke strielet waarmte en rêst út. Hester wit oeral wol wat oer te fertellen. ‘It trepke hiene se oer op myn wurk. Dy ha ik sels yn de wite lateks set. It houten treintsje ha ik by de kringloopwinkel wei. Dêr fine je faaks de moaiste dingen.

It keammerke strielet waarmte en rêst út.

It wite berteboerd ha ik fan myn freondinne krigen dy’t ek sa kreatyf is. Ik fyn ‘m prachtich! Doe’t ik ‘m krige wist ik fuort dat er hjir op Julian syn keammerke hingje moast. En dy grutte sulveren auto hat Julian fan syn heit krigen. Doe’t er noch in lytse poppe wie, hat er der op lein te koesen foar in newborn-fotoshoot. Dy foto is sa moai wurden!

julian11

 

De brune kiste ha ik sa kocht, mar ik ha sels de wite letters der op makke. Yn de kiste ha ik de kaartsjes dy’t ik krigen ha foar syn berte, syn earste pakje en alle oare dingen dy’t mei syn berte te krijen ha. De kommoade ha ik fan marktplaats, it is eins gewoan in dressoir, mar wurket prima. It wolkje dat derboppe hinget ha ús mem en tante makke.

 

julian17

Us heit en mem ha altyd troch omstannichheden ús mem har freondinne har autistyske dochter yn ’e hûs hân. Ik ha in hiele goeie bân mei de mem fan myn pleechsus en dat makket de kreamkoer dy’t se foar my makke hat en it wite hert op it trepke dat se sels prachtich beskildere hat ekstra spesjaal.’

Ut: De Lytse Heit & Mem 2016/2017

Boekentip:

babykamer

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!