heit&mem

Mem wêze

Hoe soe it fiele om mem te wêzen? Dy fraach spile my myn hiele swangerskip troch de holle. Myn búk seach ik dikker wurden, de poppe fielde ik sparteljen, mar ik hie gjin idee wat my te wachtsjen stie.

Klasina van der Werf 26 oktober 2016

Lang ha ’k twifele oft it wol wat foar my wie: mem wêze. Myn man en ik hâlde fan reizgjen en wy hienen noch in soad lannen op ús listje stean dy’t wy graach sjen woene. Wy seagen wolris heiten en memmen mei jonge bern omgriemen en tochten: wat in gedonder. Wat is der no moaier as tegearre de wrâld te ûntdekken? Ik ha wolris baald fan de biologyske klok dy’t om myn tritichste hieltyd lûder begûn te tikjen. Mar no bin ik dêr bliid om. Oars hie ik de kar miskien noait makke.

Want mem wurde, dat hie ik net graach misse wold. It momint dat ik ús dochter Lena foar it earst seach, har op myn búk fielde, dat ferjit ik noait wer. It wie mei stip it moaiste barren yn myn libben. Dy moaie grutte eagen dy’t my sa helder oanseagen, dat sêfte swarte hier, dy lytse hantsjes, mei noch lytsere neiltsjes. Oeren koe ik nei har sjen. Wat is se moai, tocht ik de hiele tiid. Letter op de foto’s seach ik pas dat se yn it begjin wat ferfrommele wie, mar dat is my doe noait opfallen. Ik wie opslach fereale.

Krekt twa jier letter mocht ik it noch in kear meimeitsje, doe’t ús jongste dochter Anouk berne waard. Dy kears seach ik sa út nei it momint dat ik har foar it earst tsjin my oan hâlde mocht. Want ik wist noch goed hoe moai at dat wie. Hiel efkes ha ’k tocht: kin ik fan de twadde wol likefolle hâlde as fan de earste? Fanôf it begjin wie dat dúdlik. De twadde kear wie it wer krekt sa bysûnder as by de earste.

It is al wer mear as trije jier lyn dat ik mem waard en de jongste fan ien jier hipt no as in ljip troch it hûs. Drok dwaande de lytse wrâld om har hinne te ûntdekken. Underwilens binne wy as heit en mem alwer mei ús nije listje oan ’e gong fan reizen dy’t wy graach meitsje wolle. Mei ús famkes dizze kear. In hiele ûndernimming, mar dat ‘gegriem’ ha wy der graach foar oer. Want wat is der no moaier as oan ús rykste besit sjen te litten hoe moai at de wrâld is?

Klasina van der Werf

Ut: De Lytse Heit & Mem 2015 nr. 2 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.