De Fryske Babyboeken top 10
Stiloan feroaret it lêsgedrach. In bytsje âldere bern hâlde fan boekjes mei flapkes, fielboekjes, boeken mei lûden en kleurige printen. Kies boekjes fan stevich karton, want poppen binne der net sunich op. En papier skuorre, dat klinkt dochs ek magysk? Mear, mear!
![]() |
1. Wêr bisto, lyts oaljefantsje? € 7,50 – fan 3 moanne ôf Bern fine it hearlik om troch de gatsjes fan dit prachtich yllustrearre boekje op syk te gean nei it lytse oaljefantsje. (hurd kaft) |
![]() |
2. Ynstruminten € 10,95 – fan 12 moanne ôf Stevich kartonboekje foar pjutten, mei lûden dy’t de platen ta libben bringe. Witsto hoe’t in piano klinkt? Of in gitaar? |
|
3. Stip syn moaiste ferhalen Seis fan de moaiste Stip-ferhaaltsjes binne sammele yn dit boek. It is yn it Frysk en hat 117 siden. |
![]() |
4. Wat fielt Stip? € 11,99 – fan 3 moanne ôf Fiel hoe sacht it ear fan in oaljefant en in liuw is. Folgje de lijnen fan de sifers 1 oant en mei 5. In prachtich fielboek mei bisten, foarmen, kleuren en sifers. |
![]() |
5. It aldermoaiste trekkerboek Giest in rûntsje mei op ’e trekker? Frysk, stevich kartonboek mei 16 flapkes en 5 lûden (en in protte trekkerlawaai!) |
![]() |
6. Boem! Lytse ûle € 9,95 Sjoch hoe’t lytse ûle mei syn wjukken wappert en dan… nei ûnderen falt. BOEM!Wat bart der ast oan de flapkes lûkst? In moai boartersboekje foar pjutten. |
![]() |
7. Jonge bisten € 9,95 – fan 18 moanne ôf Yn dit kleurrike kartonboekje steane allegear jonge bisten werkenber ôfbylde yn tekeningen én foto. |
![]() |
8. Buorkerijbisten € 9,95 – fan 18 moanne ôf In kleurich kartonboekje mei buorkerijbisten dy’t werkenber ôfbylde binne yn tekeningen en foto. |
![]() |
9. Hop Hop Hynke € 7,50 – fan 3 moanne ôf? Bewegingsferskes, knibbeldeuntsjes, rymkes oer bisten of rymkes foar it sliepen gean. In samling nostalgyske en moderne bernerymkes. |
![]() |
10. Hoi Stip! (buggyboekje) € 7,50 Dit lytse boekje kinst bygelyks oan de buggy hingje en soarget ûnderweis foar in protte wille! |

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: