Socht: âlders foar it heit&mem panel!
Hieke Rienstra 19 december 2017
Wy sykje âlders mei bern yn de leeftiid tusken de 0 en 6 jier dy’t de taalûntwikkeling fan harren bern mei ús diele wolle. Want wêrom brûke Frysktalige bern bygelyks Nederlânsk yn it rollespul mar oarsom net? En hoe lang wurde de twa talen trochinoar brûkt?
Wy binne tige benijd nei de antwurden!
Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer it heit&mem-panel.
Jou dy no op fia: ynfo@heitenmem.nl

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: