heit&mem

Ferneamd: Minne

Grutte Minne: berne op 19 april 1953 en wennet yn Lippenhuzen
Lytse Minne: berne op 1 desimber 2008 en wennet yn Ljouwert
Betsjutting Minne: krêft, sterkte

Dieuwke van der Meer 5 oktober 2016

Minne Wijbenga: ‘Ik ha 4 pakesizzers, mar Minne is it ienige jonkje. Ik wit noch goed doe’t er berne waard 7 jier lyn en ik syn namme hearde. Prachtich. Ik hie der hielendal net op rekkene dat ik ferneamd wurde soe. Wy hienen it der ek net oer hân. Mar wat wie dat in bysûnder momint.

Myn pake hjitte ek Minne. Hoewol’t ik it, doe’t ik jonger wie, net altyd sa’n moaie namme fûn, bin ik der no hiel bliid mei. De namme is moai koart en echt Frysk, dêr meie je wol grutsk op wêze toch?

Ik hie der hielendal net op rekkene dat ik ferneamd wurde soe.

Ik sjoch Minne reedlik faak. Minne is in frij rêstige jonge, mar tige nijsgjirrich. Hy wol alles witte. At er hjir is, helpt er my meastal mei it klussen. Efkes timmerje, fervje of wat putsjes dwaan yn de tún. It is in echt bûtendoarmantsje.  Wy ha ek in steancaravan en somtiden nim ik him mei dêrhinne en dan sliepe wy dêr in nachtsje. Foppe, de hûn, giet dan ek mei, want dêr is Minne ek sa wiis mei. Fierder wolle wy net ien mei ha. It is altyd hiel gesellich mei Minne. Wy lizze elkoar goed.’

Ut: Nr. 1 2016: 8 april 2016

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!