heit&mem

Styfgesin: Gewoan Lieske

Tine van Knijff 18 november 2016

Styfmem is se net, bonusmem ek net. Lieske is gewoan Lieske, foar al har bern. Doe’t Lieske (30) sân jier lyn by Ypke (52) en syn fjouwer bern op ’e buorkerij yn Vegelinsoard kaam te wenjen, hie se sels noch gjin bern. ‘Mar sadree’t ik hjir binnenkaam, hie ik der fjouwer. Ik fielde my fuortendaliks mem’, fertelt Lieske Bouwhuis-Boonstra. 

Wenne
Ilse is no 19 jier, Sigrid 17, Marit 13, Karst 10, en sûnt fjouwer jier hawwe Ypke en Lieske ek tegearre in berntsje: Niels. De bern binne allegear wiis mei Lieske. ‘Mar yn it begjin moasten twa fan de fjouwer behoarlik wenne. Marit, doe seis jier, wie hiel bot fan: “Wolkom! Wolkom!”, wat se eins net miende. Wylst Sigrid hiel dúdlik sei: wat dochsto yn myn hûs?’ 

Dêr hie Lieske wol begryp foar: de bern misten harren mem. ‘Doe’t ik de tún oanpakke soe, seinen se: “dat is mem har tún”. Doe ha ’k útlein dat mem it fêst ek net moai fine soe as der neat mear groeie koe yn ’e tún.’  

Portrait of mid-adult woman proudly showing her plants

Tineke van der Wal, gesinscoach by Jeugdhulp Friesland, neamt soks in ‘loyaliteitsklem’. ‘Kinderen hebben een enorme loyaliteit naar hun ouders toe. Ze hebben het gevoel dat ze hun eigen moeder verloochenen als ze een goede band opbouwen met hun stiefmoeder. Dat gevoel moet je als stiefouder respecteren.’

Twadde plak
Al hoe ticht at Lieske ek by de bern stiet, guon saken lit se oan heit Ypke en de mem oer. ‘Hoefolle bûsjild at se krije bygelyks, of petearen op skoalle. Dêr kom ik net tusken.’

 ‘Dat doet zij goed’, fynt Tineke van der Wal. ‘Als stiefouder moet je jezelf altijd op de tweede plaats zetten. Ons advies aan “dominante” stiefouders is: leun wat meer achterover. De biologische ouders moeten in actie komen naar de kinderen toe. Als de kinderen weten dat ze van beide ouders mogen blijven houden, valt alles op zijn plaats. Dan kunnen ze in alle vrijheid óók een band opbouwen met hun stiefmoeder.’

Als stiefouder moet je jezelf altijd op de tweede plaats zetten.

Mem of Lieske?
Fiif jier lyn wie se der noch wis fan: se hie genôch oan dizze bern. Mar in jier letter feroare dat en waard Niels berne. Omdat de oare bern har Lieske neame, neamt ‘har eigen’ Niels har no ôfwikseljend mem en Lieske. ‘Dat fyn ik bêst.’

Mei de oare bern hat se de babyperioade net meimakke, mei Niels fansels al. ‘Dan merkst it ferskil. Alles wat Niels foar it earst die, sa as rinne en prate, dêr wie ik sá grutsk op. Mar as ik de oare bern sa lyts meimakke hie, hie ik fêst like grutsk west.’

Baby's first steps.The first independent steps.Foar de gruttere bern wie it wolris spitich as Niels wat foar it earst die, bygelyks syn earste stapkes sette, wannear’t sy krekt by harren mem thús wienen. ‘En Niels mist de oare bern fansels ek wolris. Dan freget er: komt Karst ek hast wer by ús? As it hiele spul dan wer thús is, is hy o sa bliid. En ik ek fansels.’ 

Lieske is in mem dy’t fynt dat alles útpraat wurde moat. ‘Marit joech in skoft op myn fragen oer hoe’t se har fielde, as antwurd “raar”. Sy wist net hoe’t se har gefoel útdrukke moast. Doe ha ik fan myn mem, dy’t yn it ûnderwiis wurket, it emoasjespul krigen. Dat hat har holpen om fertelle te kinnen dat se lulk wie, of fertriet hie.’

Ik woe hiel graach deselde namme ha as alle bern. Wy binne dy deis mei syn seizen troud.

Loyaliteitsklem
Tineke hat dêr ek ûnderfining mei: ‘De echte “binnenvetters” voelen de loyaliteitsklem het meest. Deze kinderen denken: ik kan maar beter niks zeggen, dan kan het ook niet tegen één van mijn ouders gebruikt worden. Zij moeten het gevoel krijgen dat ze mogen aangeven wat het met hen doet: de scheiding en de nieuwe situatie.’

Ypke en Lieske ha sûnder profesjonele help harren gesin op ’e rit set. De gesinnen dy’t troch Jeugdhulp Friesland holpen wurde, krije ûngefear in healjier begelieding. ‘Sommige ouders hebben wel inzicht in wat belangrijk is voor hun kinderen, maar hebben nog een zetje in de goede richting nodig. Zien dat je adviezen effect hebben en een gezin in een halfjaar weer op de goede weg is: daar doe je het voor’, fynt Tineke.

Trouwe
Fiif jier lyn binne Ypke en Lieske troud. ‘Ik wie heechswanger fan Niels en woe hiel graach Bouwhuis as achternamme hawwe, deselde as alle bern. It fielt ek as binne Wedding bandswy dy deis mei syn seizen troud. Der wie fierder ek net ien by. De bern ha nei it trouwen gebak útsocht en doe binne we earst nei Ypkes heit en mem en letter nei myn heit en mem ta riden.’ 

 

It gesin fielt no kompleet foar Lieske. ‘Ik ha wol eefkes tocht: is it net sneu foar Niels, as iennichst bern. Mar hy is ommers net allinnich! Nee, it is goed sa.’

Nr. 1 2016: 8 april 2016

Boekentip:

9200000010017569

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!