heit&mem

Op ûntdekkingsreis yn Park Vijversburg

Janneke de Boer 7 januari 2023

Park Vijversburg, yn de folksmûle bekend as ‘Bosk fan Ypeij’, is tsjintwurdich folle mear as in bosk; in plak dêr’t keunst, kultuer en miljeu-edukaasje gearkomme. It park is oanlein yn de njoggentjinde ieu. It âldste part stamt sels út 1720.

Follys
Yn it hjoeddeistige park kinst noch altyd de saneamde follys weromfine, dy’t harren oarsprong hawwe om 1850 hinne.

Yn it ferline waarden by in bûtenpleats faak follys boud om de wolfeart fan de eigeners sjen te litten. De follys fan Park Vijversburg binne de grot, de kluzenershutte en de blauwe koepel.

In folly is in nutteleas bouwurk dat inkeld tsjinnet as dekoraasje.

Foaral de grot hat in grutte oantrekkingskrêft op bern én folwoeksenen. Fanút de blauwe koepel hiene de eardere bewenners sicht op harren lân en oare besittingen. Hjoed-de-dei sjocht de besiker itselde, al is it lân feroare yn in golfbaan. Fansels is der yn ’e rin fan ’e jierren in protte oanpast en sûnt 2005 waait der in frisse wyn troch it park; it is flink útwreide en der is foar jong en âld fan alles te rêden.

In ferrassend park 
It fernijde park bestiet út ferskillende dielen. Neist it histoaryske diel fan it park, mei syn follys en nijsgjirrige slingerpaadsjes, binne inkelde hiel bysûndere nije parkdielen oanlein. Audrey Stielstra, fan Park Vijversburg: ‘It is in ferrassend park. Bern drave de slingerpaadsjes oer om te sjen wat der om ’e hoeke te finen is. De dwaaltún lit besikers hearlik dwale. It âlde part en de nije dielen slute op elkoar oan. Ferskate tema’s binne mei-inoar ferbûn troch de skiednis.’

Eartiids hiene je it park yn in oere wol besjoen, dat is no fierstente koart.

Al kuierjend komme je yn it gebiet Ooievaarsnest, dêr kinne je efkes luierje yn hingmatten mei boeken út de boekemasine of genietsje fan de prachtige kleuren op de pompoenheuvel.

Jonge bern
‘In grut part fan ús besikers binne âlders of pakes en beppes mei bern. Wy wolle bern graach op in positive wize mei natuer yn ’e kunde komme litte, dat kin yn Park Vijversburg op in net twingende manier. Alders hawwe hjir de romte om nei eigen ynsicht frij mei harren bern mei miljeu-edukaasje dwaande te wêzen. It gebiet Ooievaarsnest, betocht troch keunstner Tobias Rehberger, is in wiere ûntdektún’, ljochtet Stielstra ta.

Dwaalster
Tusken Ooievaarsnest en Frijlân rinst troch it part dat de namme Dwaalster krige hat, in stjerfoarmich lânskipsûntwerp mei hege hagen. Foarby de hagen lizze de heuvels fan Frijlân, mei lang bloeiende planten, nei ûntwerp fan Piet Oudolf. Dy túnarsjitekt is bekend fan syn Gardens of Remembrance yn New York, in tún ta oantinken oan de oanslaggen dêre op 11 septimber 2001. De boarterseleminten binne fan de hân fan Heilien Tonckens. Der is in wetterboartersplak mei in wetterpomp, beamstammen en in sânbak én in wetterlabyrint; in moai gebiet om lekker te boartsjen.

Boek

9200000058605040

Yn Speurnoazen yn Park Fiversburch nimt skriuwster Astrid Kuiper de lêzer mei yn in spannend aventoer. Mei troch de nijsgjirrige tekeningen yn mysterieuze kleuren wurde bern prikkele om fierder te lêzen, mei in folwoeksene of hielendal sels. De tekst is nammentlik yn in dúdlik lettertype drukt, mei rûnom wyt, en it boek is skreaun yn ienfâldich Frysk; ek geskikt foar jonge Frysk-lêzers.

Janneke de Boer

Nr. 2 2016: 23 septimber 2016

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!